Fergees reintonnen foar Fryslân binne op!
Fanwege grut sukses binne alle reintonnen al ferjûn.
Elkenien dy't him ynskreaun hat hat in unike koade krigen. Dat hâldt net yn dat jo wissichheid hawwe oft jo by de earste 1500 ynskriuwers sitte. Op dit stuit ynventarisearje wy alle oanfragen. Jo hearre binnen uterlik 10 febrewaris fan ús of jo hearre ta de 1500 minsken dy't yn oanmerking komme foar de fergeze reintonne.
De provinsje Fryslân set mei in útdielaksje fan reintonnen útein. De provinsje stelt 1500 reintonnen beskikber foar ynwenners fan Fryslân. Mei dizze aksje wol de provinsje wetterbesparring stimulearje en soargje foar mear griene tunen. De oanmelding foar de aksje giet fia de oanmeldknop op dizze side. Op sneon 18 of 25 febrewaris 2023 kinne jo in fergees reintonne ophelje by in provinsjaal stipepunt yn Dokkum, Donkerbroek, Boalsert of Ljouwert, of op sneon 25 febrewaris 2023 by de Intratuin yn Ljouwert.
De reintonne is in tonne fan 227 liter (antrasyt ø 60 x ~ h.96 sm) en wurdt levere mei in foet en oanslútmateriaal foar in standert reinpiip fan ø70 - 80 mm.
Betingsten
Om in reintonne oanfreegje te kinnen binne in tal betingsten.
- Jo binne ynwenner fan Fryslân;
- Ien reintonne it adres;
- Jo kinne de reintonne allinnich persoanlik ôfhelje op fertoan fan in identiteitsbewiis en befêstiging fan jo reservearring;
- Der binne 1500 reintonnen beskikber.
Op is op; Jo kinne de reintonne ophelje op de troch jo keazen lokaasje op:
- 18 of 25 febrewaris as jo foar in provinsjaal stipepunt keazen hawwe
- Op 25 febrewaris as jo in tonne by de Intratuin yn Ljouwert reservearre hawwe.
Wizigjen fan datum en lokaasje is nei it oanfreegjen net mooglik.
Hoe wurket it
- Jo krije sa gau mooglik berjocht oft jo in reintonne krije of net.
- Jo helje de reintonne op de datum en lokaasje op sa't jo oanfrege hawwe.
- Op 18 of 25 febrewaris 2023 (tusken 10:00 en 16:00) kinne jo jo reintonne ophelje by in provinsjaal stipepunt yn Dokkum, Donkerbroek, Boalsert of Ljouwert.
- Of op sneon 25 febrewaris 2023 (tusken 8:00 en 18:00) by de Intratuin yn Ljouwert.
Wêrom dizze aksje?
Reintonnen binne in geweldige wize om wetter te besparjen en by te dragen oan it miljeu.Troch reinwetter op te fangen yn in tonne hoege je net hieltyd op ‘e nij wetter út de kraan te brûken en besparje jo jild op jo wetterrekken.It brûken fan in reintonne is net allinnich goed foar de beurs, jo soargje ek foar in better miljeu!
Yn stee fan relatyf djoer en arbeidsyntinsyf suvere kraanwetter brûke jo poerbêst geskikt reinwetter foar je tún. Ek helpt it fêsthâlden fan reinwetter tsjin wetteroerlêst. It wetter yn de tonnen wurdt stadichoan ôfjûn yn stee fan yn ien grutte stream. Sa drage jo in stientsje by oan klimaatadaptaasje.
Klimaatadaptaasje is wichtich om't klimaatferoaring ferskate negative gefolgen hat foar minsken, lykas oerstreamingen, drûchte, hjitteweagen en stoarmen. Troch oan ’e slach te gean mei klimaatadaptaasje kinne jo jo better tariede op dizze gefolgen en wurde jo dêr minder kwetsber foar. Elkenien kin syn stientsje bydrage: troch in reintonne yn jo tún kinne jo bydrage oan minder wetteroerlêst.
Mear ynformaasje oer Fryslân klimaatbestendich