Publyksynformaasje
De provinsje Fryslân wol transparant wêze. Ús útgongspunt is dat ynformaasje oangeande it útfieren fan ús publike taken yn begjinsel foar elk iepenbier tagonklik is. Wy neame dat publyksynformaasje.
Foar iepenbiermakking dêrfan jilde in tal wetlike spulregels dy't yn de Wet open overheid (Woo) steane. Dizze wet hat de Wet openbaarheid van bestuur (Wob) ferfongen.
Ynformatieloket
Wy helpe jo graach by it finen fan ynformaasje of it formulearjen fan jo ynformaasjefersyk. Nim dêrfoar kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum. Us adviseurs en Woo kontaktpersoan helpe jo graach fierder.
Aktive iepenbiermakking
De wet ferplichtet ús om bepaalde ynformaasje aktyf iepenbier te meitsjen. Dat dogge wy op ferskate wizen:
Op Overheid.nl(eksterne link) fine jo troch it provinsjebestjoer fêststelde feroarderingen en beliedsregels. Yn in troch ús útjûn provinsjaal blêd Overheid.nl(eksterne link) meitsje wy bepaalde (foarnommen) besluten bekend. Foarbylden dêrfan binne ûntwerpfergunningen, kuoraatbesluten en subsydzjeplafonds.
Iepenbiermakking op oanfraach
Jo kinne ús fansels ek freegje om beskate ynformaasje iepenbier te meitsjen. Dat kin mûnling of skriftlik. Meitsje by in digitaal ynformaasjefersyk gebrûk fan ûndersteande knop.
Ynformaasjefersyk dogge jo yn in sa krekt mooglike omskriuwing fan de ynformaasje dêr't jo fan fine dat wy dizze iepenbier meitsje moatte. Utgongspunt is dat wy binnen fjouwer wike beslute op jo ynformaasjefersyk.
As wy mear tiid nedich hawwe, krije jo dêr berjocht fan.