De provinsje Fryslân lûkt de beliedsregels stikstof yn. Dat makke deputearre Johannes Kramer op freedtemiddei 11 oktober bekend. Dat die de deputearre yn it bywêzen fan in grut tal protestearjende boeren dy 't mei trekkers nei it Provinsjehûs kommen wiene.

Moandei 7 oktober stelde de provinsje de beliedsregels stikstof fêst. De boeren binne fan betinken dat de provinsje har hjir net goed yn meinommen hat. It kolleezje fan Deputearre Steaten is ûnder de yndruk fan it boereprotest en nimt it ôfjûne sinjaal serieus.

Deputearre Kramer: “It kolleezje konkludearret dat de kommunikaasje mei de boeren oer de beliedsregels yndied net goed genôch west hat. Dêrmei is der net genôch draachflak om dit proses troch gean te litten. Foarop stiet dat we dit mei-inoar oplosse wolle. De stikstofproblematyk is hjirmei lykwols net oplost. Elke oplossing dy’t fûn wurdt, sil fan ynfloed wêze op de mienskip”.

It kolleezje sil moandei yn petear mei in fertsjinwurdiging fan de boeren om in oplossing foar de stikstofproblematyk te finen.

Minister Schouten

Minister Schouten makke hjoed yn de Twadde Keamer bekend dat sy de regeljouwing fan de provinsjes yn line bringe wol mei de earder troch har ferstjoerde Keamerbrief. Kramer: “Wy belûke dizze beslútfoarming by de te besprekken oplossing mei de boeren”.