Provinsjale bydrage fan €625.000,- foar PROSIT-projekt

It ynnovative PROSIT-projekt foar duorsume enerzjy op de Waadeilannen komt in stap tichterby tanksij in provinsjale bydrage fan €625.000,-. Mei dizze bydrage wurdt it plan om de eilannen selsfoarsjennend te meitsjen yn enerzjy fierder stipe. PROSIT is in útwreiding fan it rinnende demonstraasjeprojekt TidalKite by It Amelân. 

It TidalKite-systeem set tijenerzjy om yn skjinne en betelbere elektrisiteit. It foardiel fan dit systeem is dat it it hiele jier troch enerzjy opwekke kin. De TidalKite leit flak foar de kust fan de eilannen yn it wetter, wat bydraacht oan de lokale enerzjyfoarsjenning. Dit systeem past goed by de winsk fan de Waadeilannen om sels enerzjy te produsearjen.

Pilot slagge, mar noch ferbetteringen nedich 

De ôfrûne jierren hat SeaQurrent, de inisjatyfnimmer fan it projekt, de technology test yn it Borndiep by It Amelân. De resultaten binne gâns ûnthjit en toane oan dat de technology wurket. Dochs binne der noch oanpassings nedich fanwege de bysûndere tijstream yn de Waadsee. De provinsjale bydrage makket it mooglik om dizze oanpassingen troch te fieren.

Takomstige enerzjyopwekking foar de Waadeilannen 

De TidalKite hat in soad potinsje. De inisjatyfnimmers ferwachtsje dat de ferbetteringen net allinnich de enerzjyopbringst ferheegje, mar ek de ekologyske ympakt ferleegje. Wannear't de technology folslein optimalisearre is, kin it systeem de helte fan it enerzjyferlet fan de Waadeilannen opwekke.

Plannen foar útwreiding 

De plannen foar in ûnderwetterfleaner by It Amelân binne al fier foardere. As dit projekt suksesfol is, wolle de inisjatyfnimmers fierder útwreidzje nei oare lokaasjes, lykas by Teksel, Flylân en de Eemshaven. De ambysje is dat dizze parken yn 2026 mei-inoar 40 MegaWatt oan enerzjy leverje sille. De technology is boppedat geskikt foar oare delta- en kustgebieten yn Europa en de rest fan de wrâld.