Der komt in nije TopDutch-kampanje dy't Noard-Nederlân oanpriizget as fêstigingsklimaat foar ynternasjonale bedriuwen. Dat is it foarnimmen fan de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Mei TopDutch sette de provinsjes harren mei-inoar yn om de noardlike ekonomyske struktuer te fersterkjen.

It ferfolch op de eardere kampanje TopDutch strykt mei de oanrekommandaasjes út de evaluaasje dy't nei de earste kampanje útfierd is. Nei it ôfsluten fan dizze earste kampanje keazen de trije provinsjes der yn 2020 foar te wachtsjen mei it opstarten fan in ferfolchkampanje. De reden dêrfoar wie de COVID-19 pandemy. Yn dy perioade lei de prioriteit by it stypjen fan it besteande noardlike bedriuwslibben.

No't de koroanapandemy in oare faze yn giet, is yn de ôfrûne perioade wurke oan in foarstel oer de fuortsetting fan de TopDutch-kampanje. De mienskiplike ferfolchkampanje is in moai resultaat fan de noardlike ekonomyske gearwurking en draacht by oan it stimulearjen fan alle inisjativen dy’t dêrút fuortkomme. It doel is nei de simmer mei de kampanje útein te setten.

Yn de ôfrûne perioade is it merk TopDutch mei minimale ynspanningen aktyf hâlden troch de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM). Ek it ferfolch op de eardere kampanje TopDutch sil yn de kommende twa jier yn opdracht fan de trije provinsjes útfierd wurde troch de NOM.

Besjoch foar mear ynformaasje de webside fan TopDutch.