Mei it projekt ‘450 jaar Tichelaar’ hat Stichting Frysk Tichelwurk de LF2028-priis yn de regio Zuidwest-Fryslân wûn. Hjoed mochten Ties Hartman en Theda Blonk út namme fan de stichting de byhearrende sjek fan 2028 euro yn ûntfangst nimme. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy't út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wei yn gearwurking mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF, kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio.

450 jier Tichelaar

Yn 2022 bestiet de Tichelaarfabyk yn Makkum 450 jier. Stichting Frysk Tichelwurk wol yn Makkum, it plak dêr 't keramyk al 450 jier woartele is, op in leechdrompelige wize sjen litte hoe 't de unike kennis en ûnderfining fan Tichelaar trochûntwikkele en ynset wurde kin. Trije designburo's/keunstners sille op syk nei nije metoaden om duorsume produkten te ûntwikkeljen en materialen duorsum op 'e nij te brûken.

De fokus fan dit projekt leit op ynnovaasje en duorsumens oangeande keramyk. En de grûnstof - klaai út de regio - is de basis foar produkten dy 't de hiele wrâld oer reizgje. Dit projekt soarget der boppedat foar dat Keninklik Tichelaar lang om let wer sichtber wurdt yn Makkum. De fabryk stiet al jierren leech en dit strielet ek ôf op it doarp sels. It jubileumjier wurdt troch meardere partijen oppakt om foar it earst tegearre Makkum wer op de kaart te setten. Stichting Frysk Tichelwurk wurket dan ek nau gear mei ferskate organisaasjes.

Sjueryrapport

Keramyk is in spegel fan de kultuer én fan de tiid dêr 't er út fuortkomt. De sjuery fynt it in sterk konsept wêrby 't keramyk takomstbestindich makke wurdt. Mei in artist-in-residence-projekt dat publyk tagonklik is, slacht dit projekt in brêge tusken 450 jier skiednis en de aktuele needsaak om duorsum te ynnovearjen. Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Ek sy krije in bedrach fan 2028 euro. De sjuery bestiet út Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.