Binne jo in organisator dy’t kulturele aktiviteiten programmearret yn Fryslân en hawwe jo dêr de finansjele einferantwurdlikens foar? As jo in aktiviteit organisearje wolle yn Fryslân op it mêd fan toaniel, muzyk, teater, literatuer, byldzjende keunst, film, dûns of erfgoed (of in kombinaasje fan (ien fan) dy en oare dissiplines), dan kinne jo faaks subsydzje oanfreegje foar in bydrage yn ’e programmearringskosten. Dizze regeling stiet fan 15 septimber 2021 oant en mei 15 desimber 2021 iepen.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Yn ’e lêste oardel jier binne in soad foarstellings ôfsein of útsteld. Underwilens hawwe de kulturele ynstellings en makkers net stilsitten. Der is hurd wurke oan nij kultureel oanbod.

Stadichoan komt it kulturele libben wer op ’e gleed, poadia sette de doarren iepen en makkers sykje lokaasjes foar harren foarstellings. Troch de jildende koroanamaatregels is der mar in beheinde sealkapasiteit, dêrtroch binne de ynkomsten gâns lytser wurden en is it finansjele risiko bytiden (te) grut. Reden foar poadia en makkers om (somtiden) noch wat skruten te wêzen om te programmearjen.

Mei dizze regeling wolle wy de kultuersektor ekstra stipe biede, troch it finansjele risiko yn ’e eksploitaasje lytser te meitsjen. It doel is, dat der wer folop programmearre wurde kin en dat ús Mienskip in kultureel oanbod krijt mei gâns ferskaat. 

Jo kinne subsydzje oanfreegje foar aktiviteiten dy’t fóár 31 desimber 2022 hâlden wurde sille.

As organisator moatte jo foldwaan oan ’e neikommende betingsten: jo binne in yn Fryslân festige rjochtspersoan dy’t ynskreaun is yn it Hannelsregister fan ’e Keamer fan Keaphannel en dy’t yn 2022 op syn minst seis kulturele aktiviteiten programmearret op in lokaasje mei in reguliere besikerskapasiteit fan 25 oant 800 persoanen.

Freegje jo oan út namme fan in ynstelling dy’t mear as ien seal ta syn foldwaan hat? Dan mei de grutste seal gjin gruttere besikerskapasiteit hawwe as 800 persoanen.

Freegje jo oan út namme fan in ynstelling dy’t net in eigen seal of romte ta syn foldwaan hat? Programmearje jo bygelyks op in tydlike lokaasje yn ’e bûtenloft of plenne jo jo eigen toer by doarpshuzen lâns? Dan komme jo allinne yn ’e beneaming foar subsydzje as jo ferantwurdlik binne foar it programmearjen; jo kinne allinne subsydzje krije foar it eksploitaasjetekoart.

Tink om: freegje jo oan út namme fan in ynstelling dy’t mear sealen ta syn foldwaan hat, en hat ien fan dy sealen in gruttere besikerskapasiteit as 800 besikers? Dan kinne jo net oan dizze regeling meidwaan. As oanfreger hoege jo oars net perfoarst in eigen seal ta jo foldwaan te hawwen, mar jo moatte wol ferantwurdlik wêze foar de programmearring en jo kinne allinne subsydzje krije foar it eksploitaasjetekoart troch de programmearring.

Subsydzjebedrach

Jo kinne op syn minst € 750 en op syn meast € 25.000 subsydzje oanfreegje foar kulturele aktiviteiten. De hichte fan it subsydzje is 100% fan it eksploitaasjetekoart. It subsydzjeplafond foar dizze regeling is € 300.000.

Wy wize jo der graach op, dat jo by it yntsjinjen fan in oanfraach taheakken (‘bijlagen’) en ynformaasje oanleverje moatte, om sjen te kinnen oft jo oan ’e betingsten foldogge. Lês de regeling troch en folje it oanfraachformulier sekuer yn. In wichtige taheakke belanget in spesifisearre begrutting oan, dêr’t jo neffens aktiviteit yn sjen litte wat oft de programmearringskosten en ferwachte opbringsten binne, en wat oft it te ferwachtsjen eksploitaasjetekoart is. Kulturele aktiviteiten meie noch net úteinset wêze op it stuit fan it yntsjinjen fan ’e oanfraach. Jo moatte by it programmearjen ek omtinken jaan oan maatregels dy’t it koroanafirus oanbelangje.

Tink om: oanfregers hearre op syn minst seis kulturele aktiviteiten yn 2022 te organisearjen! Soks stiet los fan it tal aktiviteiten dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje. Jo kinne oanfreegje foar in losse aktiviteit of foar in rige fan aktiviteiten yn Fryslân.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch it oanfraachformulier te brûken. It is wichtich, dat it oanfraachformulier folslein ynfolle wurdt en dat alle taheakken dêr’t ferlet fan is ek yndied taheakke binne. Dogge jo dat nammentlik net, dan rinne jo faaks it subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op ’e kompjûter. Jo moatte dêrta it programma Acrobat Reader DC brûke. It bestân kin net yn ’e browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei help fan Acrobat Reader DC folgje jo de neikommende stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Printsje it formulier út
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken dêr’t om frege is ek útprinte wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baly fan it provinsjehûs.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of oer de mail mei provincie@fryslan.frl.