Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân hawwe it konsept-útfieringsprogramma foar de Fryske Iselmarkust frijjûn foar kommunikaasje. Dat betsjut dat it programma ynkoarten oan de mienskip weromkeppele wurde kin.

Yn ‘e kommende jierren bart der in soad yn it Fryske Iselmargebiet. Mei it konsept-útfieringsprogramma litte de gearwurkjende organisaasjes sjen hokker inisjativen se rjochting 2027 byinoar bringe kinne. It programma bestiet út tariedende aksjes en ferkenningen, rinnende projekten en nije inisjativen dy’t mei ynbring fan de mienskip ta stân kommen binne.

Partisipaasjejûnen

Begjin 2024 sille der fjouwer partisipaasjejûnen yn it Iselmargebiet wêze. Mear ynformaasje dêroer folget ynkoarten op www.frieseijsselmeerkust.frl(eksterne keppeling). De jûnen binne in ferfolch op de earder organisearre gearkomsten foar belanghawwenden en oare belangstellenden om ta in konsept-útfieringsprogramma te kommen. Dat programma leit der no en wurdt begjin takom jier weromkeppele om te sjen oft it yndied oanslút by de winsken en it ferlet foar de Iselmarkust.