Hieltyd mear histoaryske pleatsen reitsje harren agraryske funksje kwyt, komme leech te stean of reitsje fertutearze. Dat wurket negatyf út foar de leefberens fan it plattelân. Werbestimming is in goede oplossing, mar is faak djoer. Dat jildt benammen foar it opknappen fan dakken. Yn Noardwest-Fryslân wurdt dêrom troch de provinsje de priisfraach Nije fitaliteit troch âlde pleatsen organisearre. De tsien bêste werbestimmings fan in monumintale of karakteristike pleats kinne yn ‘e beneaming  komme foar prizen oant € 25.000, -- foar it opknappen fan jo dak.

Wêrom 't dizze priisfraach

Hieltyd mear histoaryske buorkerijen ferlieze harren agraryske funksje, komme leech te stean of reitsje fertutearze. Dat wurket negatyf út foar de leefberens fan it plattelân. Werbestimming is in goede oplossing, mar is faak djoer. Dat jildt seker foar it werstel fan dakken. Yn Noardwest-Fryslân wurdt dêrom troch de provinsje de priisfraach Nije fitaliteit troch âlde pleatsen organisearre. De tsien bêste werbestimmingen fan in monumintale of karakteristike pleats meitsje kâns op in priis oant € 25.000, -- foar it werstel fan it dak.

Deputearre Klaas Fokkinga: “Ik besjoch de pleatsen as ankerpunten fan kultuerlânskip en leefberens. Dat wienen sy yn it ferline mar myn ambysje is dat dy âlde pleatsen ek yn de takomst dy ankerpunten bliuwe, dêr’t neist de lânbou ek nije passende funksjes in wichtige bydrage oan leverje”. De priisfraach folget út it provinsjale Wurkplan Takomst Fryske Pleats

Betingsten

It mei gean om in al útfierde of noch út te fieren werbestimming, mei ien fan de yn ‘e betingsten omskreaune werbestimmingsfunksjes. Foar wenjen jildt dat it om op syn minst twa wenningen giet of om groepswenjen. It mei ek gean om in part fan ‘e werbestimming yn kombinaasje mei in agraryske funksje.

De pleats moat in status hawwe as:

  1. ryks- of gemeentlik monumint;
  2. karakteristyk op grûn fan it bestimmingsplan of provinsjale kultuerhistoaryske kaart: kaartlaach “karakteristieke bouwwerken (niet-woningen)”, sjoch hjirfoar Cultuurhistorische Kaart Fryslân (arcgis.com)(externe link).

Fierder moat it dak fan de pleats yn in net al te bêste of minne steat fan ûnderhâld wêze of moat der sprake wêze fan net-tradisjonele dakbedekking, lykas golfplaten of asbestdakken.

Bydrage leefberens

In ûnôfhinklike sjuery sil hifkje op ‘e effekten foar leefberens, restauraasjekwaliteit en maatskippij. Dêrfoar jilde ûnderwerpen mei in puntetelling. Yn desimber wurdt de útslach bekend makke op in publyksmerk dêr’t de bêst skoarende werbestimmingen presintearre wurde. De publyksmerk jildt as foargerjocht fan de Landschapstriënale 2023 Dynamische Delta dy’t by de Waadkust lâns hâlden wurdt.

Foar it dak

Foar it ûntfangen fan de priis slute jo in gearwurkingsoerienkomst ôf mei de provinsje, dêr't yn stiet dat jo it dakherstel útfiere. De priis meie jo besteegje oan it herstel fan dakken of dakflakken dy't yn in matige of minne steat fan ûnderhâld binne. Jo meie ek it jild besteegje oan it ferfangen fan net-tradisjonele dakbedekking lykas golfplaten of asbestdakken troch tradisjonele dakbedekking: pannen of reid. It giet dêrby om de helte fan de kosten.

Hawwe jo al yntsjinne foar de Subsydzjeregeling Dakken Fryske Pleatsen, of sille jo yntsjinje foar de Subsydzjeregeling Monuminten? Jo kinne meidwaan oan dizze priisfraach wannear't de priis foar it dakherstel bestege wurde sil oan in oar dakflak as dêr't subsydzje út dy regelings foar is of foar ûntfongen wurdt.

It Europeeske Leaderprogramma Noardwest-Fryslân stipet de priisfraach. Dy is fan tapassing foar de gemeenten Harns, Waadhoeke, Ljouwert (eksklusyf stêd) Súdwest Fryslân (allinnich âld-Littenseradiel ). Doarpen en maatskiplike organisaasjes lykas de Boerderijenstichting Fryslân, hawwe ek eigeners frege harren werbestimming yn te stjoeren.

Stipe by werbestimming en dielname priisfraach

Hawwe jo fragen oer de status fan jo pleats? Sykje kontakt mei it Kenniscentrum Herbestemming Noord. Hjir krije jo ek fergees stipe by it meidwaan oan de priisfraach en tips foar werbestimming, eksploitaasje, monumintale wearde en wetlike prosedueres. Telefoannûmers 0513 - 249 000 / 058 - 266 66 17 of fia de mail info@herbestemmingnoord.nl

Werkplan Takomst Fryske Pleats

Mei it Wurkplan Takomst Fryske Pleats wolle Deputearre Steaten de Fryske Pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip behâlde en in kâns ta bliuwend agrarysk gebrûk en werbestimming jaan, sadat pleatsen en hiemen ûnderdiel bliuwe fan it lânskip. Nije opjeften, bgl. leefberens, wenjen, bioferskaat en kwaliteitstoerisme op it plattelân, jouwe dêr kânsen foar.


Foar mear ynformaasje oer it Wurkplan Takomst Fryske Pleats, sjoch hjir Romtelike kwaliteit, Erfguod en Lânskip | Fryslan

Betingsten

Foar de priisfraach jilde betingsten. Dy kinne jo ûnderoan dizze side dellade. Ynstjoeringen dy’t net foldogge oan de betingsten komme net yn ‘e beneaming foar de priisfraach.

Hoe dogge jo mei?

De folgjende stikken stjoere jo op foar de priisfraach:

  1. in troch de eigener ûndertekene oanbiedingsbrief mei dêryn namme en adres fan de eigener, adres fan de pleats en de status fan de pleats:
    - ryksmonumint, gemeentlik monumint, of
    - in karakteristyk pân op grûn fan it bestimmingsplan of de kaartlaach “karakteristieke bouwwerken (niet-woningen)” fan de provinsjale kultuerhistoaryske kaart;
  2. in omskriuwing fan de realisearre of te realisearjen werbestimming;
  3. sketsûntwerp mei geveloansichten en plattegrûnen fan besteande en foar safier’t it fan tapassing is, nije situaasje;
  4. in útwurke offerte foar it opknappen fan it dak dêr’t it gebrûk fan de easke materialen en needsaaklike wurksumheden út bliken dwaan moat;
  5. foto’s fan eksterieur en ynterieur fan de besteande situaasje en yn it gefal in werbestimming al útfierd is, as dat mooglik is, fan de situaasje fan foar de werbestimming;
  6. ûnderbouwing fan de neikommende ûnderwerpen dy’t foar it hifkjen en puntetakenning troch de sjuery fan belang binne:  
    a. Bydrage leefberens:
    - Wat is it effekt op de leefberens yn de omkriten?
    - Hoefolle wurkgelegenheid of nije bewenners leveret de werbestimming op?
    - Hoe wie/is de belutsenens út de omkriten by de werbestimming?
    b. Kwaliteit erfgoed en omjouwingskwaliteit
    Wat is de histoaryske kwaliteit fan de út te fieren of útfierde werbestimming wêrûnder it behâld en it benuttigjen fan weardefolle ûnderdielen?
    - Wat is it effekt foar de omjouwingskwaliteit en romtlike útstrieling?
    c. Oare maatskiplike doelen en útfierberheid
    - Hoe is de oandacht foar duorsumens by de werbestimming (isolaasje, enerzjy)?
    - Wurdt of is der by de aktiviteiten gelegenheid jûn om learlingen foar it restauraasje-ambacht of minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk yn te setten?
    - Hoe wurdt de ekonomyske en prosedurele útfierberheid (omjouwingsfergunnings) beoardiele?
    - Wurde der noch oare maatskiplike doelen berikt of neistribbe?

Wannear en hoe yntsjinje?

Jo kinne jo ynstjoering yntsjinje fan 5 septimber oant en mei 3 oktober 2022 by de provinsje Fryslân.
Ynstjoerings foar of nei dizze data kinne net meidwaan oan de priisfraach. Jo moatte jo ynstjoering folslein en mei taheakken ynstjoere. Lês dêrom de betingsten goed.

Tink derom: de oanbiedingsbrief moat troch de goede persoan of persoanen ûndertekene wurde (sjoch hjirnei ûnder “foar wa”).

Jo kinne jo ynstjoering op twa manieren yntsjinje, oer de post of persoanlik by de baly op it provinsjehûs ôfjaan.

Foar wa?

Allinne natuerlike persoanen en privaatrjochtlike rjochtspersoanen dy't eigener  binne fan in pleats kinne meidwaan oan de priisfraach.

Fergunningplicht

Aktiviteiten op grûn fan dizze priisfraach meie net úteinset wurde foardat alle troch de oerheid easke fergunnings foar de werbestimming of it opknappen fan it dak ferliend binne. . Dat kin gean om in omjouwingsfergunning mar jo moatte ek neigean oft jo fergunningplichtich binne yn it ramt fan de Wet Natuurbescherming (apart trajekt).

Spesjalisearre bou- en oannimmersbedriuwen

Wolle jo jo monumint ûnderhâlde, reparearje of restaurearje? It register Kennis&Kunde(externe link)biedt in oersjoch fan alle bedriuwen dy't bewiisd hawwe dat se wurksumheden oan monuminten op de goede wize útfiere. Jo kinne sykje op jo regio, of op in beskaat spesjalisme, lykas glês-yn-lead of pleisterwurk.

Eigeners fan monuminten en karakteristike gebouwen/bouwurken kinne in abonnemint nimme op de Monumentenwacht(externe link), hjir kinne jo tsjin in subsidiearre leech taryf in ûnôfhinklike ynspeksje fan it pân útfiere litte.

Mear ynformaasje en stipe foar werbestemming

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei it Kenniscentrum Herbestemming Noord.
Hjir kinne jo ek telâne foar stipe oer werbestimming, eksploitaasje, monumintale wearden en wetlike prosedueres.

Tillefoannûmers 0513 – 249 000 / 058 - 266 66 17 of fia de mail info@herbestemmingnoord.nl