Yn de kommende twa wike giet de provinsje Fryslân mei belanghawwende sektoaren yn petear oer de stikstofproblematyk. Yn dizze faze hat de provinsje petearen mei fertsjintwurdigers út ‘e lânbou, natuer, bou, ferfier en bedriuwslibben. Dy petearen binne in earste oanset nei in brede dialooch mei Fryslân.

Op freed 11 oktober 2019 luts de provinsje Fryslân de beliedsregels stikstof yn. Oanlieding dêrfoar wie de krityk út ‘e lânbou wei en fan oare belanghawwenden op de regels sels en op it tekoart oan ferbûnens by de oanpak fan de stikstofproblematyk. Wy lûke ús dy krityk oan. It ynlûken fan de beliedsregels betsjut yn ‘e praktyk dat it ferlienen fan fergunnings frijwol stil leit. It is needsaaklik om dêr in oplossing foar te finen. De ferantwurdlik deputearren fan de provinsje Fryslân geane dêr mei fertsjintwurdigers fan belanghawwende sektoaren oer yn petear.

Doel fan de petearen

It doel fan de petearen is om te harkjen nei wat der yn de sektor libbet, wêr’t de belanghawwenden harren soargen oer meitsje. Dêrneist is it de ferwachting dat it Ryk yn gearspraak mei it IPO (Interprovinciaal Overleg) op 1 desimber mei oanfoljende regels foar fergunningferliening komt. By de ynset rjochting it Ryk en IPO wol de provinsje de ynformaasje út de petearen mei sektoaren behelje. De dynamyk yn it stikstofdossier is lykwols tige heech. It is net út te sluten dat it Ryk op grûn fan har foech yn de perioade oant 1 desimber al besluten nimt.

Ferfolch

De oriïntearjende petearen binne in earste stap nei in brede dialooch mei Fryslân. De provinsje wol graach mei belanghawwenden gearwurkje oan duorsume oplossings foar de stikstofproblematyk. De wichtichste fraach is hoe’t wy yn oerienstimming mei de útspraak fan de Ried fan Steat  in fermindering fan stikstof op Natura 2000-gebieten realisearje kinne. Dêrmei komt op termyn wer mear romte foar nije ûntwikkelings.

Ûnderwilens binne der fan meardere persoanen en organisaasjes alderlei ideeën oer de stikstofoanpak by de provinsje ynkommen. Ek oer dy ideeën geane wy graach mei de yntsjinners yn petear.