Enerzjy wurdt hieltyd djoerder en saken duorsumer meitsje wurdt hieltyd driuwender. Mar neat dwaan is op termyn noch djoerder. Fia it KlimOp-programma fan de provinsje Fryslân kinne jo as eigener fan lyts maatskiplik fêstgoed fergees in advys krije oer it duorsumer meitsjen dêrfan. Dêryn wurdt net allinne sjoen nei hokker maatregels yn in spesifike situaasje it bêste nommen wurde kinne, mar ek hoe’t en wannear’t de maatregels it tûkst útfierd wurde kinne. Koartsein, in stappeplan om fêstgoed takomstbestindich te meitsjen en te hâlden. Wy kinne in folsleine businesscase foar jo opstelle litte, ynklusyf finansiering en subsydzjemooglikheden. Alles hielendal op jo spesifike situaasje taspitst.

KlimOp stiet foar it ‘Klimaat Ontzorgingsprogramma’, dat de provinsje Fryslân mei help fan it Ryk opset hat.

Enerzjyscan oanmelden

Doelgroep

KlimOp rjochtet him op eigeners fan lyts maatskiplik fêstgoed. Yn de regeling wurdt dêrûnder ferstien:

Doelgroep

Maximaal eigendom

Gemeenten

< 50.000 inwoners

Schoolbesturen PO

max. 15 gebouwen

Schoolbesturen VO

max. 10 gebouwen

Aanbieders eerstelijnszorg

max. 10 gebouwen

Aanbieders langdurige zorg

max. 10 gebouwen

Culturele instellingen (ANBI)

max. 10 gebouwen

Organisaties ter exploitatie en beheer van gemeenschapshuizen, wijkcentra enz.

max. 10 gebouwen

Religieuze instellingen

max. 10 gebouwen

Binne jo hierder?

KlimOp helpt eigeners fan fêstgoed ferduorsumjen. Binne jo gjin eigener, mar hiere jo in gebou en wolle jo oan de slach mei ferduorsumjen? Dan riede wy jo oan om kontakt op te nimmen mei jo ferhierder. Is dat de gemeente, dan kinne jo terjochte by de ôfdieling fêstgoed.

De mooglikheden fan KlimOp

KlimOp kin stypje by:

  • It yn byld bringen fan enerzjyprestaasjes.
  • It foarstellen fan maatregels om it fêstgoed duorsumer te meitsjen en de enerzjyprestaasjes te ferbetterjen.
  • It yn byld bringen fan de finansieringsmooglikheden &subsydzjetrajekten.
  • It opstellen fan in Plan fan Oanpak/rûtekaart.
  • It oanpassen fan it Mearjierreûnderhâldsplan (MJOP) nei in duorsum MJOP.
  • Advys by it oanfreegjen fan fergunnings.
  • Help by it útfreegjen fan offertes.
  • It finen fan in útfierende partij.

KlimOp kin net allinne ynsjoch ferskaffe yn hokker spesifike maatregels yn jo situaasje it bêste nommen wurde kinne, mar ek yn hoe’t en wêr’t dy maatregels it bêste trochfierd wurde kinne.

It budzjet foar it útfieren fan de maatregels falt oars net yn it programma. Der binne oantreklike finansieringsfoarmen mooglik, dêr sjogge wy mei jo nei. Ek kin socht wurde nei foarmen fan fraachbondeling. Dat betsjut dat de foarnommen maatregels by ûnderskate eigeners gearfoege wurde, dêrtroch kin it soms makliker wêze om (oantreklike) finansiering te krijen.

Duorsum mearjierreûnderhâldsplan

It duorsum mearjierreûnderhâldsplan (DMJOP) rjochtet him op it ferbetterjen fan gebouwen, benammen as it giet om koste-effisjinsje en enerzjyprestaasje. It DMJOP is in útwreiding op it mearjierreûnderhâldsplan (MJOP) fan gebouwen dat him rjochtet op it yn stân hâlden fan de besteande status.

KlimOp kin fêstgoedeigeners stypje by it ûntwikkeljen fan it duorsum mearjierreûnderhâldsplan. Troch in enerzjyscan en de winske enerzjyprestaasje binne boukundige en ynstallaasjetechnyske maatregels fêst te stellen.

Utfiering dêrfan giet yn gearhing mei de besteande ûnderhâldsplanning en de weromfertsjintiid fan de maatregel. Troch ferfangingsmominten yn it duorsum mearjierreûnderhâldsplan tûk te kiezen ûntstiet der binnen de besteande eksploitaasjebegrutting in dynamysk proses om it ûnderhâld oanhâldend duorsum oan te pakken.

Foardielen

  • Yn stapkes binnen de besteande begrutting it fêstgoed duorsumer meitsje.
  • Finansiering maatregels troch enerzjybesparring.
  • Weromfertsjintiid bepaalt it ferfangingsmomint.
  • Legere eksploitaasjelêsten.
  • Ferbettering enerzjylabel of duorsumenssertifikaat.
  • Wurkje mei it duorsum mearjierreûnderhâldsplan.

By in ferfangingsmomint sjogge wy mei jo nei alternativen dy’t ekstra bydrage oan it ferheegjen fan de enerzjyprestaasje of it ferbetterjen fan de EPC-wearde. Sa wurdt it mooglik nije techniken ta te passen. Ek kin it tûk wêze in takomstich ferfangingsmomint nei foaren te heljen, bygelyks fanwegen de enerzjybesparring dy’t helle wurde kin.

Hoe wurket it?

It doel fan de KlimOp Energiescan is om globaal ynsjoch te krijen yn de ferduorsumingsmooglikheden fan gebouwen. De fokus leit op quickwins en omtinken foar bewustwurding, gedrachsferoaring en enerzjycoaching.

Mear ynformaasje

Help by ynkeapen

De fêstgoedeigener krijt stipe en begelieding by de ynkeap c.q. oanbesteging fan ferduorsumingsmaatregels, yn it trajekt fan tarieding oant en mei ôfsluten fan de útfieringsoerienkomst. It is mooglik om yn oerlis yn bysûndere gefallen ta in maatwurkoanpak te kommen.

Gemeenten

Gemeenten hawwe faak in soad fêstgoed en in grutte opjefte oangeande duorsumens. Dêrom hantearje wy by gemeenten in (diel)portefúlje-oanpak.

In advysburo bringt it potinsjeel fan de fêstgoedportefúlje dat duorsumer makke wurde kin oan ‘e hân fan in dashboard yn byld. Sa wurdt op yndividueel en totaalnivo oersjoch jûn en it biedt dêrmei op in robúste en unifoarme wize ynsjoch yn ûnderskate kombinaasjes fan maatregels om it fêstgoed duorsumer te meitsjen, de kosten en weromfertsjintiden en de potinsjele besparring yn euro’s en útstjit. Oan ‘e hân dêrfan wurdt yn ‘e mande mei de gemeente sjoen hokker maatregels útfierd wurde sille. Ek wurdt dêrfoar mei-inoar in rûtekaart/plan fan oanpak opsteld. Dat wurdt allegearre yn in businesscase ferwurke.

Skoallen

Skoalbestjoeren yn Nederlân steane yn de kommende desennia foar in grutte opjefte. De gebouwen fan skoallen yn it primêr ûnderwiis binne yn trochsneed 40 jier âld, de gebouwen wurde yn trochsneed nei 69 jier ferfongen en sa’n trijehûndert skoallen jiers wurde nij boud of yntegraal renovearre. In de sektorale rûtekaart PO/VO is konkludearre dat de opjeften om de gebouwen duorsumer te meitsjen mei dit tempo net helle wurde kinne. In flinke opjefte dus. Foar minder grutte skoalbestjoeren kin de opjefte in ekstra útdaging foarmje. Wêr’t gruttere skoalbestjoeren faak de mooglikheid hawwe om ekstra ekspertize yn tsjinst te nimmen om de opjeften om de gebouwen duorsumer  te meitsjen stal te jaan, is dat foar de minder grutte skoalbestjoeren somtiden dreech. Spesjaal om dy skoalbestjoeren te stypjen is lanlik it ‘Ontzorgingsprogramma Verduurzamen Maatschappelijk Vastgoed’ (Fryske wurknamme KlimOp) opset. Skoalbestjoeren kinne harren dêrtroch bystean litte by it útfieren fan de opjeften om de gebouwen duorsumer te meitsjen. De provinsje Fryslân fiert dat ûntsoargingsprogramma út yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken en yn oparbeidzjen mei de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân yn de provinsje Fryslân. Kennissintrum Romte-Underwiis en Berne-opfang stipet it lanlik ûntsoargingsprogramma mei kennis en ekspertize.

Om in byld te jaan fan wat KlimOp foar skoalbestjoeren betsjutte kin, folget hjir in stappeplan. Omdat alle trajekten oars binne en dus maatwurk binne, is dizze oanpak perfoarst net yn beton getten. Dêrom sette alle trajekten mei in yntakepetear útein.

Om in goed en brûkber advys jaan te kinnen wolle wy fan jo as fêstgoedeigener witte wat jo mei it duorsumer meitsjen fan jo gebouwen berikke wolle. Hoe wolle jo besparje? Sa effisjint mooglik, mei de heechste besparring of mei de koartste weromfertsjintiden. Dat liedt ta in tal senario’s / duorsumenspakketten. Dêrneist wolle wy graach witte oft der noch bysûnderheden binne dy’t fan ynfloed binne op de ferfolchstappen.

Wat bysûnderheden oanbelanget kin der tocht wurde oan oansteand ûnderhâldswurk of al útfierde maatregels om it gebou duorsumer te meitsjen, fentilaasje ensfh. It doel fan dy stap is om de fraach fan it skoalbestjoer te begripen en ynsjoch te krijen yn de objekten (hokker gegevens fan ‘e gebouwen binne oanwêzich, hokker gebouwen hawwe enerzjylabels, is it enerzjyferbrûk yn byld of fluch yn byld te krijen).

Tarieding

Nei de yntake is it tiid foar de opname. It troch jo selektearre advysburo freget alle relevante ynformaasje fan de oanbelangjende gebouwen op en plant yn oerlis in opnamedatum. By de opname op lokaasje wurdt alle relevante ynformaasje foar it enerzjylabel en de enerzjyscan fêstlein. Nei de opname, in saneamde nulmjitting, wurdt de opnommen ynformaasje ferwurke, sadat it enerzjylabel fêststeld wurde kin. Dat is feitlik it begjinpunt fan it duorsumer meitsjen fan de gebouwen.

Ynventarisaasje

As it begjinpunt dúdlik is, kin begûn wurde mei it rekkenjen oan it duorsumer meitsjen fan de gebouwen. Jo beslute foar alle gebouwen hokker duorsume maatregels it tûkst binne om in gebou op termyn nei enerzjylabel A of ierdgasfrij te bringen. Dêrby kin it advysburo likegoed as de provinsje stypje. Dêrnei rekkenet it advysburo de maatregels troch op ynvestearrings, besparrings (CO2-reduksje likegoed as enerzjylêsten) en de weromfertsjintiden. Dat dogge wy foar alle gebouwen apart, sadat wy in goed byld krije fan it duorsumer te meitsjen potinsjeel.

As dat winske wurdt, wurdt der foar alle gebouwen in enerzjylabel ôfjûn. By monuminten biede wy ynsjoch yn it enerzjyferlet de fjouwerkante meter.

Duorsumenspakketten

Foar elk gebou apart stelle wy foar alle pakketten apart fêst hokker duorsume maatregels nedich binne om de ûnderskate duorsumenspakketten yn te foljen. Oftewol, hokker duorsume maatregels binne nedich om in gebou nei enerzjylabel A of ierdgasfrij te bringen. Dat dogge wy, sadat wy in goed byld krije fan it duorsumer te meitsjen potinsjeel. By de helberens fan de businesscase wurdt ek de takomst fan it gebou meinommen sa’t dat yn it yntegraal húsfêstingsplan fan de gemeente opnommen is. Sa wurde grutte gebouôfhinklike ynvestearrings yn duorsumens strikend mei de mooglike renovaasjeplannen op grûn fan it yntegraal húsfêstingsplan pland.

Dashboard

Op basis fan de foargeande stappen ferwurket it advysburo de útkomsten yn in dashboard. It dashboard biedt ynsjoch yn ferskate kombinaasjes fan maatregels om de gebouwen duorsumer te meitsjen, de kosten en weromfertsjintiid dêrfan en de potinsjele besparring yn euro’s en CO2-útstjit, op gebou- likegoed as portefúljenivo. Sa krije jo oersjoch en simulaasjemooglikheden om ‘sels oan de knoppen te draaien’.

Dêrnei kin it advysburo en/of de provinsje jo stypje by de transformaasje fan it mearjierreûnderhâldsplan nei in duorsum mearjierreûnderhâldsplan. Ek stipe en advisearring by kontakten mei de gemeente heart ta de mooglikheden.

Langer duorjende soarch

In soad soarchorganisaasjes hawwe de greendeal soarch ûndertekene. Dêrmei sizze sy ta om harren yn te setten foar 50% CO2-reduksjes yn 2030 en 95% reduksje yn 2050. In soad soarchorganisaasjes jouwe dêr ynfolling oan troch it opstellen fan in portefúlje rûtekaart. Dêryn wurdt yn kaart brocht mei hokker pakket oan maatregels de klimaatdoelstelling helle wurde kinne. De rûtekaart is in ynstrumint om de rezjy te hâlden oer it duorsumer meitsjen fan it fêstgoed. It KlimOp-programma kin dêrby stypje.

Yn in yntakepetear wurdt it ambysjenivo fêststeld. Dêrnei kin in enerzjyscan útfierd wurde. Dêrmei kin foar alle gebouwen apart ynsichtlik makke wurde hokker potinsjele mooglikheden der binne om duorsumer te wurden. Dêrnei wurdt oan ‘e hân fan it CO2 reduksje-helpmiddel fan it Expertisecentrum Verduurzaming Zorg sjoen hokker maatregels it bêste nommen wurde kinne.

It CO2-reduksje-helpmiddel is dêr in goed middel foar om it petear oer enerzjybesparring yn de organisaasje oan te fiterjen. Troch it ynfoljen fan it reduksje-helpmiddel binne mear minsken yn de organisaasje bekend mei de wetlike erkende maatregels enerzjybesparring. It wurdt dêrmei dúdlik sichtber dat de maatregels wichtich binne foar de rûte nei klimaatneutraal. It helpmiddel stimulearret om te sykjen nei maatregels dy’t in soad effekt hawwe en betelber binne.

It CO2-reduksjehelpmiddel jout in yndikaasje oft in maatregelpakket koste-effektyf is en oft klimaatneutraliteit dêrmei deunoan komt. Jo sjogge dat jo maatregelseleksje derta docht. Trochdat jo renovaasjes en ferfangende nijbou ynplanne kinne, kinne jo de effekten dêrfan yn it hiele plaatsje meitelle. Dêrneist makket it helpmiddel sichtber hoe wichtich it is om natuerlike mominten (ferfangings en renovaasjes) te benuttigjen troch ekstra enerzjybesparring ta te passen, dat binne faak de grutte stappen. De opstelde rûtekaart kin dêrnei brûkt wurde as ynput foar it duorsum mearjierreûnderhâldsplan en/of it strategysk húsfêstingsplan, sadat maatregels om it gebou duorsumer te meitsjen ek foar de takomst fêstlizze. Binnen it KlimOp-programma stypje wy soarchorganisaasjes yn dat proses.

Primêre soarch

Alle fêstgoedeigeners mei in portefúlje fan op syn meast 10 gebouwen, dêr’t soarch yn ferliend wurdt, kinne gebrûk meitsje fan de tsjinst fan KlimOp. Tink dêrby oan:

  • Sûnenssintra
  • Húsdokters
  • Toskedokters
  • Fysioterapy-praktiken
  • Psychoterapy-praktiken

Doarpshuzen

Foar it duorsumer meitsjen fan doarpshuzen hat Stichting Doarpswurk(eksterne keppeling) in koördinearjende en advisearjende rol.

Stichting Doarpswurk skeakelet ien fan de by KlimOp kontraktearre adviseurs yn. De adviseur fiert in enerzjyscan út. Dat liedt ta in rapport dêr’t de besteande situaasje yn beskreaun wurdt. Tagelyk wurdt in globaal oersjoch jûn fan potinsjele maatregels ynklusyf in rûzing fan de ynvestearring en weromfertsjintiid.

Dêrnei kin de adviseur mei jo de fragen, winsken en ambysjes trochnimme. Oan ‘e hân dêrfan wurdt in businesscase útwurke. Dêryn wurdt detaillearre yngien op de tûkste maatregels om it gebou duorsumer te meitsjen, rekken hâldend mei jimme spesifike situaasje. As der in Mearjierreûnderhâldsplan (MJOP) oanwêzich is, kinne de maatregels dêryn yntegrearre wurde, it MJOP wurdt dêrmei in Duorsum MJOP. As der gjin MJOP oanwêzich is kin de adviseur, yn oerlis mei it bestjoer en/of Stichting Doarpswurk in Plan fan Oanpak/rûtekaart opstelle. De maatregels om it gebou duorsumer te meitsjen wurde dêryn tûk yn ‘e tiid set sadat se as dat mooglik is kombinearre wurde kinne mei regulier ûnderhâldswurk. Sa kin faak in soad tiid en kosten besparre wurde. Stichting Doarpswurk kin stipe biede by finansiering- en subsydzjemooglikheden.

Museums en monuminten

It duorsumer meitsjen fan museums en monuminten is faak kompleks. Dat komt û.o. omdat der rekken hâlden wurde moat mei in soad aspekten. Museums en monuminten binne dus echt maatwurk. Yn oparbeidzjen mei de koepelorganisaasjes Museumfederatie Fryslân(eksterne keppeling), Monumentenwacht(eksterne keppeling) en Steunpunt Monumentenzorg Fryslân(eksterne keppeling) soargje wy foar dat maatwurk.

Hawwe jo belangstelling nim dan gerêst kontakt op mei KlimOp by de Provinsje Fryslân. Der folget in koart en frijbliuwend intake-petear om globaal te ferkennen wat der spilet, wat it ferlet is en hoe 't it ferduorsumingstrajekt der op haadlinen útsjen sil. Dêrnei kinne jo, ôfhinklik fan de makke ôfspraken, kontakt opnimme mei in koepelorganisaasje of in troch josels te kiezen adviseur. Dizze duorsumheidadviseurs binne spesifyk troch ús kontraktearre foar it KlimOp-programma.

Religieuze ynstellings

Fan 1 jannewaris 2023 ôf komme ek religieuze of libbensskôgjende ynstellingen mei op syn heechst tsien gebouwen yn eigendom foar kosten stipe by ferduorsuming. It KlimOp-programma rint oant 1 jannewaris 2025. De earste oanmeldingsronde foar religieuze ynstellingen rûn oant 10 maart 2023.

Hoe wurket it?

In troch KlimOp kontraktearre duorsumensadviseur rinne tegearre mei jo troch it gebou en jouwe omtinken oan de saken dy't it enerzjyferbrûk ferminderje kinne. Tink dêrby oan isolaasje, sinnepanielen, ferljochting, mar ek lytsere maatregels lykas tips foar it suniger ôfstellen fan de cv-ynstallaasje.

Alle befiningen fan dy enerzjyscan wurde ferwurke yn in bondige rapportaazje. Hjiryn stean de tûkste quick-win maatregels en in globaal oersjoch fan nijsgjirrige maatregels mei fokus op maatregels mei in weromfertsjintiid tusken de 1 oant 5 jier. Ek wurdt omtinken jûn oan bewustwurding en gedrachsferoaring. De adviseur kin de rapportaazje taljochtsje en biedt de gelegenheid om fragen te stellen. Yn in soad gefallen befettet de rapportaazje ek in tal maatregels dy't jo fuort sels tapasse kinne. Tink dêrby û.o. oan it tichtsjen fan kieren en naden, it byfoljen fan de cv-tsjettel en it isolearjen fan ferwaarmingsbuizen en appedaazjes. Sjoch foar mear ynformaasje oer de enerzjyscan ús webside.

Mear witte? 

De provinsje Fryslân organisearret fan 2023 ôf geregeld gearkomsten, fysyk en online wêryn't wy tsjerken dy't in enerzjyscan útfiere litten hawwe fan herte útnûgje om mei-inoar yn petear te gean. Oan de iene kant om tips, kennis en ûnderfinings út te wikseljen, oan de oare kant ek om inoar te ynspirearjen en te motivearjen om safolle mooglik enerzjy te besparjen. De gearkomste wurdt laat troch ien fan de provinsje Fryslân. Der is ek gelegenheid om mei-inoar te sjen oft fierdere stipe fanút KlimOp winske is, bygelyks help by it opfreegjen fan offertes.

Foardielen

  • Ynsicht yn enerzjyferbrûk en tips oer gedrachsferoaring om enerzjy te besparjen;
  • Stapsgewiis ferduorsumje dêr't mooglik binnen besteande begrutting;
  • Finansiering maatregels út enerzjybesparring wei;
  • Legere eksploitaasjelêsten;
  • Ferbettering komfort en binnenklimaat wei.