Ofbou gebrûk pestisiden
De provinsje Fryslân hat in plan fan oanpak opsteld om te stimulearjen dat der minder pestisiden (bestridingsmiddels) brûkt wurde. It giet ûnder oare om bewustwurdingskampanjes, test- en eksperiminteromte foar boeren en lobby foar goedkarring fan alternative bestridingsmiddels. Dêrmei jouwe Deputearre Steaten útfiering oan in inisjatyffoarstel fan GrienLinks, SP, D66, PvdD, PvdA, FNP en 50PLUS.