Oer Provinsjale Steaten
Alle provinsjes hawwe harren eigen folksfertsjintwurdiging: de Provinsjale Steaten. Ien kear yn ‘e fjouwer jier binne dêr ferkiezings foar. Oan de ferkiezings dogge lanlike partijen mei, mar ek lokale partijen kinne meidwaan.
Provinsjale Steaten (PS) binne de heechste baas yn de provinsje. Yn ‘e mande mei it kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) bestjoere sy de provinje. DS fiert it belied út en is it deistich bestjoer. PS stelt de ramten foar it belied fêst en kontrolearret of it goed útfierd wurdt.
Taken PS:
- Ramten en grinzen foar it belied stelle; beslute oer de regels fan de provinsje;
- Kontrolearje oft it deistich bestjoer (it kolleezje fan DS) syn wurk goed docht;
- De ynwenners fan Fryslân fertsjintwurdigje.
De ynwenners fan Fryslân kieze de leden fan de Provinsjale Steaten. Foar de Steateleden is it wichtich om te witten wat de ynwenners fan Fryslân dwaande hâldt. Dat dogge se troch op wurkbesite te gean of mei minsken yn petear te gean. Jo kinne yn de byldfoarjmende kommisje of op de Steatemerk sels ek oer guon ûnderwerpen ynsprekke.
Mear ynformaasje oer Provinsjale Steaten? Besjoch de fideo(eksterne link) fan ProDemos foar in wiidweidige útlis.
In oersjoch fan alle Steate- en kommisjeleden fine jo hjir: Steateleden en fraksjes Provinsje Fryslân (notubiz.nl)(eksterne link)