It kolleezje fan Deputearre Steaten hat it ûntwerp fan de oanpassing fan de provinsjale Omjouwingsferoardering fêststeld. Dat ûntwerp leit fan 2 april oant en mei 13 maaie 2024 op besjen. Ynwenners, organisaasjes en oerheden kinne yn dy perioade reagearje op de wizige feroardering.

Yn de Omjouwingsferoardering steane alle regels foar it fysike libbensfermidden. Tagelyk mei de Omgevingswet is op 1 jannewaris 2024 de Omjouwingsferoardering Fryslân 2022 yn wurking gien. Under de nije Omjouwingswet wurdt de feroardering no allinnich noch op ûnderdielen wizige en net mear yn syn gehiel. “Mei dizze wiziging, dy't wy ienris yn ’e safolle tiid dogge, hâlde wy ús feroardering aktueel, mar lizze wy nij belied ek sa gau mooglik juridysk fêst. Men kin no sjenswizen yntsjinje, wêrby’t it úteinlik oan ús Steaten is om dy wizigings fêst te stellen,” sa seit deputearre Sijbe Knol. 

Deputearre Steaten hawwe in ûntwerp fan de earste wizigings fan de Omjouwingsferoardering fêststeld. Yn dy wizigings wurde bygelyks de ôfspraken ferwurke, dy’t yn it bestjoersakkoart 2023-2027 “Oparbeidzje foar Fryslân” makke binne oer de opstelling fan wynturbines en sinne-enerzjy. Fierder is de resinte beslútfoarming (PS, 20 maart) oer de oanpak guozzeskea fan de Nota Faunabehear Fryslân ferwurke. Fierder binne noch wizigings opnommen oer de registraasjeplicht foar boaiem-enerzjysystemen, it ûntmanteljen fan grûndepots, de frijstelling om sûnder in fergunning in ûntgrûning út te fieren en de beoardielingsregels foar in fergunning yn in Stiltegebiet.

Ynwenners, organisaasjes en oerheden hawwe de mooglikheid om seis wike fia sjenswizen te reagearjen op de foarstelde oanpassings. Nei de simmer wurdt it foarstel foar de definitive wizigingsferoardering, ynklusyf alle ûntfongen sjenswizen mei reaksjenota, oan Provinsjale Steaten foarlein. Op dizze wize wurde alle stimmen fan partijen heard en belutsen yn de definitive fêststelling fan de wizigings.

Tusken 2 april 2024 en 13 maaie 2024 kinne de sjenswizen oer dy wizigingsferoardering yntsjinne wurde. Wy krije de sjenswize it leafst online fia webformulier: www.fryslan.frl/fy/omjouwingsoardering

De sjenswize kin ek mei in e-mail of oer de post yntsjinne wurde fia provincie@fryslan.frl of nei Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert. Yntsjinners moatte dêrby oanjaan dat it giet om in sjenswize op ‘Earste wiziging Omjouwingsferoardering’? De uterste datum foar it yntsjinjen fan in sjenswize is 13 maaie 2024.