Mei in bydrage út ’e regiodeal Súdeast-Fryslân hawwe Natuermonuminten, Steatsboskbehear, gemeente Opsterlân en Provinsje Fryslân in oerienkomst sletten om ’e fytspaden tusken Wynjewâld en Bakkefean op te knappen.

By it oanpakken fan dy fytspaden wurdt de asfaltferhurding ferfongen troch beton. Nei ferwachting kin mei it beskikbere budzjet de helte fan ’e fytspaden oanpakt wurde. Dêrom is in folchoarder ôfpraat fan hokker fytspaden oft as earste oanpakt wurde. De fytspaden by de Slotpleats en yn it Oude Bosch hawwe dêrby de heechste prioriteit krigen. De tariedings binne yntusken úteinset, sadat it wurk yn 2023 útfierd wurde kin.

Foar de oanpak fan sa’n 10,5 kilometer rekreative fytspaden tichtby de Slotpleats, yn it Oude Bosch en ’e Duerswâlderheide is in totaalbudzjet fan € 859.000 beskikber steld. Dêrfan komt sa’n € 285.000 út ’e regiodeal. De gemeente Opsterlân, Natuermonuminten en Steatsboskbehear stelle mei-inoar sa'n € 524.000 beskikber. Fierder hat de Stichting Vlooienmarkt Bakkefean in bydrage fan € 50.000 tasein.

De doarpsbelangen Wynjewâld en Bakkefean binne al in pear jier mei de gemeente yn petear oer it efterstallige ûnderhâld fan ’e rekreative fytspaden tusken beide doarpen. De eigeners fan dy fytspaden, Steatsboskbehear en Natuermonuminten, hawwe net genôch middels om ’e fytspaden goed te ûnderhâlden. Dêrom is út ’e gebietsûntwikkeling Keningsdjip wei in oanfraach by de regiodeal Súdeast-Fryslân yntsjinne. De bydrage út dy regiodeal hat de boppeneamde partijen no yn beweging brocht. Yn ’e oerienkomst is ôfpraat dat de provinsje Fryslân út ’e gebietsûntwikkeling Keningsdjip wei opdrachtjouwer wurdt foar de oanpak fan ’e rekreative fytspaden.