Dit is in koarte omskriuwing fan it oanfalsplan Ynternasjonaal ûndernimme. It folsleine oanfalsplan kin jo hjir dellade: Aanvalsplan Internationaal ondernemen.

Oanlieding

Ynternasjonalisearring is foar de Fryske ekonomy fan grut belang. Ûndersyk lit sjen dat ynternasjonaal aktive ûndernimmings flugger groeie wat wurkgelegenheid oanbelanget as ûndernimmings dy’t allinne yn harren eigen regio aktyf binne. De arbeidsplakken dy’t bean wurde, hawwe dêrby in hegere arbeidsproduktiviteit, biede in konstantere wurkgelegenheid en foegje mear wearde it arbeidsplak ta. Yn Fryslân hat de eksport in bydrage fan 29% oan it Bruto Binnenlands Product. Dat leit ûnder it lanlik gemiddelde. De eksport yn Fryslân wurdt behearske troch in lyts tal bedriuwen yn de agrofood en de elektroanyske yndustry. It tal bedriuwen dat eksportearret leit as gefolch dêrfan mei 7,1% ûnder it nasjonale gemiddelde fan 10,2% (peildatum 2012). It stimulearjen fan ynternasjonalisaasje fan de Fryske ekonomy is dêrom foar de provinsje Fryslân ien fan de wichtichste ekonomyske doelstellings foar de kommende jierren. Wy wolle ús bedriuwslibben fierder stypje yn harren ambysje om te ynternajonalisearjen.

Doel

Ekonomyske struktuerfuortsterking is it heechste doel fan it programma Wurkje foar Fryslân. It ynsichtlik meitsjen fan in trochtochte, effektive en konsistinte oanpak foar it stimulearjen en stypjen fan ynternasjonaal ûndernimmen. Mei dy oanpak moat berikt wurde dat kânsen foar ynternasjonale merkûntwikkeling fersulvere wurde en dat it persintaazje ûndernimmings yn Fryslân dat ynternasjonaal ûndernimt groeit fan de hjoeddeistige 7,1% nei 10,2% yn 2020.

Proses

Op grûn fan de analyze fan it ferlet fan de ûndernimmers binne trije maatregels formulearre wêrmei’t ynfolling jûn wurdt oan de behoeften fan MKB-ûndernimmers om suksesfol ynternasjonaal ûndernimme te kinnen. By de útwurking fan de behoeften nei maatregels is in seleksje makke fan de behoeften dy’t in soad neamd binne. Foar elke maatregel is in budzjet opnommen, dêr’t de maatregel effektyf mei útfierd wurde kin. De útkomst is in gearhingjend pakket fan maatregels dy’t ynfolling jouwe oan de wichtichste behoeften fan de Fryske ûndernimmers en dy’t in ympuls oan de Fryske eksport jaan kinne.

 

Schema proces aanvalsplan Internationaal Ondernemen

 

Generike maatregels

Maatregel 1: Stipe/ûntwikkeling ûndernimmers (budzjet € 4 miljoen, 12,5% revolvearjend)

  1. Opset bedriuwsûntwikkelingsprogramma’s foar suksesfol ynternasjonaal ûndernimmen
  2. It doelfêster stimulearjen en organisearjen fan hannelsmissys/dielnimmen oan beurzen yn it bûtenlân mei strukturearre tarieding, útfiering en opfolging.
  3. Opset fan in pro-aktive regyorganisaasje dy’t oangeande ynternasjonaal ûndernimmen en ynternasjonale hannel in loketfunksje en kennisportaal foarmet.
  4. Jierliks evenemint rjochte op ‘Ynternasjonaal ûndernimmen’ foar 3 oant 5 jier.
  5. It ferbetterjen fan de stipe fan Fryske ûndernimmers yn selektearre eksportlannen by it finen fan sakepartners.

Maatregel 4: Eksportfinansiering (budzjet € 3 miljoen, 100% revolvearjend)

  1. Opset revolvearjend fûns foar eksportfinansiering.

Sektorspesifike maatregels

Maatregel 16: Business ûntwikkeling spearpuntsektoaren (budzjet € 3 miljoen, 0% revolvearjend)

  1. Ûntwikkeljen fan in Tourism Chain, wêryn’t ûnderwiis, bedriuwslibben en oerheid partisipearje om tapaste kennis, ynnovaasje yn de sektor te ferankerjen;
  2. Foar de rekreaasje & toerisme moat in part fan de besteande subsydzjes brûkt wurde foar marketing yn foldwaande ôfstimmen mei Merk Fryslân;
  3. It (fierder) ûntwikkeljen fan in lobby- en business development organisaasje foar de Agrofood chain, wêryn’t ûnderwiis, bedriuwslibben en oerheid partisipearje om business development & branding yn de sektor te ferankerjen en wêryn’t ynternasjonaal netwurkjen stimulearre wurdt;
  4. Finansjele stipe foar de Wateralliantie as netwurk en business development organisaasje yn de wettertechnology sektor.

Ferfolch

Foar de útfiering leit de regy by de provinsje Fryslân. Dat betsjut dat de provinsje wêr’t dat mooglik is troch of yn gearwurking mei (besteande) merkpartijen de útfiering realisearje sil. Dat wurdt foar elke maatregel apart fêststeld.