Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar it iepenbier ferfier yn Fryslân.

Fan desimber 2020 ôf begjint in nije konsesje foar de regionale treinen yn Fryslân en Grinslân. Dat betsjut dat fan dy datum ôf in mooglik nije ferfierder it treinferkear fersoarget yn beide provinsjes.

Deputearre Steaten fan Fryslân en Grinslân hawwe in programma fan easken opsteld. Dêr stiet yn oan hokker easken it treinferkear fan desimber 2020 ôf foldwaan moat. It bestek, mei dêryn de easken en wat de foarkar hat foar it treinferfier is op 1 febrewaris 2017 publisearre.