It krekt ferskynde ûndersyksrapport ‘Verkenning mogelijkheden verduurzaming bloembollenteelt in Fryslân’ rjochtet him op de soargen fan omwenners fan bolleperselen oer it brûken fan pestisiden, en tagelyk op de útdagings dêr’t bollekwekers foar steane. It rapport neamt in tal mooglikheden foar it duorsumer meitsjen fan de bolletylt. Dat is nedich om de kwaliteit fan grûn- en oerflaktewetter te ferbetterjen/beskermjen.

Konkrete maatregels

Yn de Fryske Lânbou-aginda, dy’t yn septimber troch Provinsjale Steaten fêststeld is, wurde konkrete maatregels neamd om in mear natuerynklusive lânbou te realisearjen. De maatregels om it brûken fan pestisiden yn Fryslân tebek te kringen passe by dy ambysje en drage by oan de Fryske brede wolfeart.

Deputearre Hoogland: “Ut de Mienskip en de polityk wei wurdt der kritysk nei it brûken fan pestisiden sjoen. Ik begryp de soargen. Dat docht ek bliken út it inisjatyfútstel út Provinsjale Steaten oer it ôfbouwen fan it brûken fan pestisiden. Ik bin dêrom bliid mei de hânfetten út it rapport. Dit rapport kin by de behanneling fan it inisjatyfútstel fan de Steaten behelle wurde.”

Dialooch yn de mienskip moat foar begryp fan wjerskanten soargje

Fanwegen de ûnderskate belangen fan blombollekwekers, boargers en oerheden is it fan belang dat der in goed petear tusken dy groepen fierd wurdt. De lokale bollekwekers kenne de fragen en soargen yn de mienskip. Sy foldogge oan de wetlike easken en wurkje graach mei, mar wurde tagelyk troch besoarge boargers oansprutsen op harren bedriuwsfiering. Dêrnjonken jouwe sy oan dat oanfoljende ferplichte maatregels it fuortbestean fan harren bedriuw bedriigje kin. De provinsje Fryslân hat it inisjatyf nommen om in ûndersiker fan it Nordwin College te freegjen mei alle oanbelangjende partijen apart yn petear te gean om nei oplossings te sykjen. It doel wie mei in tal oanrekommandaasjes te kommen, dêr’t omwenners, bollekwekers en de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân mei út ‘e fuotten kinne soene. De oanrekommandaasjes dy’t dien binne wize mei klam op ûnder oare it stimulearjen fan goede foarbylden, it fasilitearjen fan goede kommunikaasje tusken de belanghawwenden, it kreëarjen fan in goede en op feiten basearre ynformaasjefoarsjenning en it jaan fan dúdlikens foar de bollekwekers oangeande takomstige ynvestearrings. Dêrnjonken wurdt it belang fan ûndersyk en kennisûntwikkeling foar it fierder duorsumer meitsjen ûnderstreke. Ta beslút kin der leard wurde fan de pilot ‘duurzame bollenteelt in de gemeente Westerveld’ yn ‘e provinsje Drinte.

De provinsje Fryslân stribbet dernei de oanrekommandaasjes út it rapport konkreet te meitsjen yn in projekt. Mooglik soe ien en oar mei it resinte inisjatyfútstel ‘Naar een schone en gezonde leefomgeving: afbouw gebruik pesticiden in Fryslân 2021-2030’ fan Provinsjale Steaten lykop gean kinne as dat oan ‘e oarder is. Der moat noch nei finansjele middels socht wurde.