De trije noardlike provinsjes hawwe mei-inoar in programma foar it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling (EFRO) 2021-2027 yntsjinne by de Europeeske Kommisje. Dat programma rjochtet him op it fersterkjen fan de ynnovaasjekrêft fan Noard-Nederlân. Yn ’e maitiid fan 2022 wurde de earste subsydzjes ferwachte. It Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN) sil, sa wurdt ferwachte, yn maaie de earste subsydzjes beskikber stelle.

Wat wol Noard-Nederlân mei it EFRO-programma berikke?

It doel is om it ynnovaasjefermogen fan it midden- en lytsbedriuw (MKB) en de groep fan ynnovative bedriuwen grutter te meitsjen. Dêrneist wolle wy tûkelteammen foar bedriuwen weinimme dy't ynnovaasje yn it paad stean. Wy ynvestearje yn ynnovatyf ûndernimmerskip, personiel, digitalisearring en gearwurking tusken ûnderskate regio’s, bedriuwen, oerheden en maatskiplike organisaasjes. Sa ûntsteane nije kânsen wêrmei't wy ek bydrage oan de brede wolfeart fan ús regio. Us brede wolfeart stiet ûnder druk. Dêrom ynvestearje wy yn ynnovaasje, feroaring op it mêd fan duorsume enerzjy, goede sûnens en digitalisearring.

Fierder bouwe op de ynnovaasjestrategy fan Noard-Nederlân: RIS 3

EFRO is ien fan de Europeeske ynnovaasjefûnsen. De basis fan it nije EFRO programma leit yn de earder fêststelde regionale ynnovaasjestrategy (RIS3) foar Noard-Nederlân. De RIS3 foarmet de kapstôk foar de ynset fan Europeeske fûnsen yn de kommende perioade.

Mear ynformaasje: www.snn.nl/over-snn/europa-2021-2027