It nije gemaal de Mieden by Rie is klear. Op 21 novimber waard it feestlik iepene mei de ynwenners fan it doarp, learlingen fan OBS de Oanset, Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân, Hepke Bijma fan de bestjoerskommisje en Douwe Hoogland fan provinsje Fryslân. De bou fan it gemaal is de lêste grutte maatregel fan it gebietsûntwikkelingsprojekt Franekeradeel-Harlingen.

Foarhinne stie op deselde lokaasje al in gemaal. De kapasiteit fan it âlde gemaal wie net grut genôch om yn de takomst foldwaande wetter út it gebiet ôf te fieren. Ek moast it gemaal renovearre wurde. Omdat it om drastyske en kostbere oanpassings fan it âlde gemaal gie, is besletten om te kiezen foar de bou fan in nij gemaal. It gemaal soarget derfoar dat oerstallich wetter yn in gebiet fan sa'n 1500 bunder goed ôffierd wurde kin. It giet om it gebiet tusken Rie, Berltsum, Wier, Minnertsgea, Tsjummearum en Boer. Gemaal De Mieden makket diel út fan in netwurk fan hast 1.000 gemalen, 5.400 keardammen en likernôch 5.000 ynlitten yn it wurkgebiet fan Wetterskip Fryslân. It netwurket soarget foar it winske wetterpeil yn sleatten, marren en kanalen.

Oanfoljende maatregels

De oanfiersleat (tochtsleat) nei it gemaal is oanpast en ferbrede. Sa is der foldwaande tastream fan wetter as it gemaal draait. Ek is de kade lâns de Rie ferlein. Tagelyk is in brede, ûndjippe wettersône by de Rie lâns oanlein, in saneamde natuerfreonlike wâl. Hjirtroch is in goed leefgebiet foar wetterbisten en -planten ûntstien. Sa kinne fisken dêr goed paaie. It reid dat der groeit soarget foar de suvering fan wetter.

Takomstbestindich

De boaiem yn it projektgebiet Frjentsjerteradiel-Harns sakket yn grutte parten fan it gebiet. Dat komt troch gas - en sâltwinning. Dy delgong feroarsaket benammen skea foar de wetterhúshâlding en lânbou. Mar der spilet ek klimaatferoaring. De ôfrûne jierren binne der in soad maatregels útfierd yn it gebiet. Dêrmei is de skea wersteld en is it gebiet foar de kommende desennia klimaatbestindich makke. By de maatregels giet it om ûnder oare it ferbreedzjen fan sleatten en fearten, it ferheegjen fan brêgen, de bou fan twa nije gemalen, it pleatsen fan gruttere dûkers en it ynrjochtsjen fan oerringebieten foar tydlike wetterberging.

Ek binne der natuerfreonlike wâlskanten makke, fiskpassaazjes en nije fytspaden oanlein en binne inkele doarpskearnen opknapt. Yn 2023 passearret de ruilakte, sadat it eigendom fan de ruile grûnen ek formeel oergiet. Nei ferwachting duorret de finansjele ôfrûning fan de werferkaveling oant yn 2024. Dan is it projekt hielendal klear.

De bestjoerskommisje Franekeradeel-Harlingen fierde de maatregels út yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is in gearwurking fan Wetterskip Fryslân, provinsje Fryslân, LTO Noord, Nederlandse Akkerbouw Vakbond, Friese Milieu Federatie, gemeenten Waadhoeke en Harlingen, Dorpsbelangen in de regio, Kadaster, Frisia Zout B.V. en Vermillion Energy. Yn totaal is der no sa 'n 48 miljoen euro yn it gebiet stutsen.