Natuerferiening Geaflecht is mei it projekt ‘Broedeiland voor de Wytstirns’ de winner fan de LF2028-priis yn it gebiet Súdeast-Fryslân. Bestjoerslid Oosterbaan krige op tongersdei 9 novimber 2023 de sjek fan €2028,- út hannen fan gebietsdeputearre Folkerts, foarsitter fan de advyskommisje regio Súdeast-Fryslân.

Natuerferiening Geaflecht op De Gordyk hat sa 'n 400 leden en wol op entûsjaste wize de natuer yn de eigen omjouwing ûnder de oandacht bringe fan jong oant âld. It projekt ‘Broedeiland voor de Wytstirns ’ is dêr in moai foarbyld fan. De wytstirnzen lûke yn de maitiid graach nei de Bouwespolder, flakby Terwispel, om te foerazjearjen en te brieden. De ôfrûne desennia docht de soart dit yn lytse en wikseljende oantallen. Op dit stuit binne der te min natuerlike nêstplakken. Dat is spitich, want fierder foldocht de Bouwespolder mei syn fiskrike itensplakken oan alles wat de wytstirns nedich hat.  

Yn it ferline wiene der yn dit gebiet al lytse driuwende flotsjes dêr 't de wytstirnsen mei grut sukses bret hawwe. Frijwilligers fan Geaflecht lizze no tegearre mei Steatsboskbehear in grutter briedeilân oan om sa romte te meitsjen foar mear briedpearen. Yn juny 2023 hat dit projekt in bydrage út it Iepen Mienskipsfûns krigen.  

Sjueryrapport 

Yn de regio Súdeast-Fryslân is dit projekt útkeazen foar de LF2028-priis. De sjuery jout dizze priis graach oan Geaflecht as oanmoediging om noch mear minsken, of faaks mear skoallen, berikke te kinnen mei in lesprogramma om it nije briedeilân hinne.  

LF2028-Bonuspriis

De LF2028-Bonuspriis is in oanmoedigingspriis dy’t troch in gearwurking tusken it Iepen Mienskipsfûns (IMF) en LF2028 ta stân kommen is. It giet om in bedrach fan €2028,- . Nei alle iepenstellingsperioaden fan it IMF kiest de sjuery ien winner út trije nominearre IMF-projekten de regio. De útrikte priis op 9 novimber 2023 is ferbûn oan de twadde iepenstellingsperioade fan it IMF yn 2023 (24 april o/m 11 maaie 2023). It is in ekstra beleanning om’t it projekt ek sjen lit dat der omtinken is foar takomstige generaasjes.

NB: It Iepen Mienskipsfûns 2020-2021-2022-2023 is ôfrûn. It Iepen Mienskipsfûns wurdt yn 2023 net mear iepensteld. Provinsjale Steaten nimme om de jierwiksel hinne in beslút oer in eventueel nij Iepen Mienskipsfûns.