NME de Naturij yn Drachten is it sintrum foar natuer- en duorsumensedukaasje foar de gemeenten Smellingerlân, it Hearrenfean en omkriten. De Naturij wol modernisearje, sadat sy takomstbestindich binne en harren wurk noch hiel lang útfiere kinne. Earder fan ’t jier krigen sy dêr subsydzje foar út it Iepen Mienskipsfûns. De sjuery keas dit IMF-projekt as winner fan de LF2028-priis yn de regio Súdeast-Fryslân. Hjoed mocht inisjatyfnimster en bestjoerslid Femmy Lieben de byhearrende sjek fan 2028 euro yn ûntfangst nimme. Dat bedrach is in oanmoedigingspriis, dy’t troch it IMF yn gearwurking mei LF2028 opset is. Yn totaal krije alle jierren 15 inisjatyfnimmers de priis.

NCM de Naturij

Tine Bijstra en  Femmy Lieben met grote cheque in handen
Platformlid Tine Bijstra (links) overhandigt de cheque van 2028 euro aan Femmy Lieben, bestuurslid NME de Naturij

NME de Naturij is him oan it ûntjaan ta in spilfunksje yn natuer- en duorsumensedukaasje yn de regio Súdeast-Fryslân. Hieltyd mear skoallen en ynstânsjes witte de Naturij te finen en freegje materialen en lessen op. Dêrom wol it sintrum meigean yn de ûntjouwings fan modern en op de takomst rjochte ûnderwiis. It stribjen is om safolle mooglik bern kennis meitsje te litten mei de natuer, it lânskip en duorsumens. Mei de útfiering fan it projekt ‘Duorsum en sûn de 21ste iuw yn’, kin it sintrum de rol fan ferbinende skeakel tusken jongerein, gemeenten en griene organisaasjes hâlde en fuortsterkje.

Deputearre Hoogland: “Om derfoar te soargjen dat ús natuer en lânskip ek yn de takomst troch minsken op wearde skatten wurdt, is ’t fan belang de jongerein dêr al betiid mei yn de kunde komme te litten. Dit projekt draacht der oan by dat dy jonge minsken foar de takomst in drive ûntwikkelje om dêr sunich op te wêzen en te bliuwen”.

Sjueryrapport

De sjuery keas it IMF projekt út de trije nominearren foar de regio Súdeast. Ek de sjuery fynt it wichtich dat bern harren bewust wurde fan de sirkelgong yn de natuer, dêr’t wy ûnderdiel fan binne. Om in ferdjipjend wjerfarren oan de lessen ta te foegjen, sjocht de sjuery mooglikheden yn it ferbinen mei kultueredukaasje. Bern kinne fia kultueredukaasje harren persoanlike ferhaal oer natuer sjen litte. Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Ek sy krije in bedrach fan 2028 euro. Hokker projekten dat binne, kinne jo lêze yn taheakke sjueryrapport. De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.