It wurk oan de Venekoterweg (N919) en de Venekoterbrêge yn Easterwâlde is yn folle gong. Yn de maitiid fan 2021 binne we úteinset. In part fan de wurksumheden is yntusken klear. Op dizze side fine jo de lêste stân fan saken.

1. Oanpassing Rijweg

Yn de maitiid fan 2021 makken we it krúspunt Rijweg feiliger troch in middengelieder oan te lizzen. Fytsers kinne no yn twa kear oer de dyk. Wy brochten de snelheid foar it autoferkear om it krúspunt hinne omleech nei 60 kilometer yn 'e oere. Ek krige de dyk in nije laach asfalt en nije markearring.

2. Werynrjochting Venekoterweg

Yn oktober en novimber ferline jier binne der wurksumenheden oan de Venekoterweg (N919) útfierd. Tusken ovonde Ploeggang en krúspunt Houtwal brochten we in nije laach asfalt oan. Under de wurksumheden die bliken dat de kwaliteit fan de liedingen dy 't foar ôfwettering soargje min wie. Dit moasten wy herstelle. Dêrtroch duorren de wurksumheden wat langer.

3. Venekoterbrêge en oanpassing krúspunt Houtwal en rotonde Molenweg

Ferline jier septimber is de Venekoterbrêge fuorthelle en is der in tydlike brêge oanlein. De âlde brêge is nei Grins ferfierd en leit dêr no yn opslach. Foar dizze brêge besykje wy in nije bestimming te finen. Op dit stuit is oannimmerskombinaasje Macadam en masinefabryk Rusthoven dwaande mei it bouwen fan de nije brêge. De fundearring fan de brêge is yntusken klear. Nei ferwachting kin de oannimmer it boppeste part fan de brêge yn maart en april pleatse. Dêrnei bringe se de elektrotechnyske ynstallaasje oan en kinne we úteinsette mei it testen fan de brêge. As alles neffens planning ferrint dan kin it ferkear fan maaie ôf oer de nije Venekoterbrêge ride. De tydlike brêge wurdt dan fuorthelle.

Een oranje kraan verwijderd de oude brug
Een oranje kraan verwijderd de oude brug
Een foto uit de lucht genomen waarop te zien is dat de oude brug verwijderd wordt.
De nieuwe brug wordt aangelegd. Alleen de twee steunpunten voor de brug staan er nog maar.
Een impressie van uit de lucht hoe het er uit komt te zien. Rechts een rotonde en aan de linkerkant de nieuwe brug

Yn de maitiid fan 2022 binne krúspunt Houtwal en rotonde Molenweg oan bar.

It krúspunt Houtwal rjochtsje wy op 'e nij yn en de rotonde Molenweg passe wy oan. It griene part yn 'e midden fan 'e rotonde meitsje wy lytser. It oerrydbere part wurdt grutter. Wy pakke ek de fytsoerstek oan 'e noardkant fan 'e rotonde oan. Wy meitsje de fytsoerstek feiliger troch de oerstek fierder fan 'e rotonde ôf te pleatsen en der komt in middengelieder.

Een overzichtskaart met daarop genummerd de volgorde van werken

4. Underhâld Schottelenburgwegen 't Oost

Neist de oanpassing fan krúspunt Houtwal en rotonde Molenweg fiere wy lyktidich grut ûnderhâld út oan de Schottelenburgwei en 't Oost. De Schottelenburgweg en 't Oost krije tusken rotonde Molenweg en ôfslach Schrappinga in nije laach asfalt. Lâns ‘t Oost komme gersbetontegels. Oannimmer Schagen Infra BV fiert de wurksumheden út.

  1. Oanpassing rydwei: ôfrûne maitiid 2021
  2. Werynrjochting Venekoterwei: ôfrûne hjerst 2021
  3. Ferfanging brêge Venekoterwei + oanpassing krúspunt Houtwal en rotonde Molenweg: Utfiering fan septimber 2021 oant juny 2022
  4. Grut ûnderhâld Schottelenburgweg en 't Oost: Utfiering april 2022

Planning en hinder

Om it wurk útfiere te kinnen, moatte wy de dyk ôfslute. We begripe dat dit impact hat op de omjouwing. Om hinder foar de omjouwing safolle mooglik te beheinen kombinearje wy de wurksumheden oan de Venekoterbrêge mei de wurksumheden oan de Venekoterweg en it ûnderhâld oan de Schottelenburgwei en 't Oost.

Op moandei 11 april starte wy mei de oanlis fan it nije krúspunt Houtwal en rotonde Molenweg. Tagelyk fiere wy ûnderhâld út oan de Schottelenburgwei en 't Oost. It krúspunt Houtwal, de rotonde Molenweg en de Schottelenburgweg binne oant en mei 29 april folslein ôfsletten foar alle ferkear.

By de opkearingen liede wy it ferkear om fia de N 373, de N 371 en de N 381. Fytsers liede wy om fia de tydlike brêge en de Hornleger. As alles neffens planning ferrint, binne de wurksumheden yn juny 2022 hielendal klear.

Een overzichtskaart waar met een dikke lijn de omleiding op aangegeven wordt.

Opmerkingen, fragen of klachten

Hawwe jo nei oanlieding fan de wurksumheden opmerkingen, fragen of klachten? Nim dan foaral kontakt mei ús op fia e-mail: provincie@fryslan.frl. Wy steane jo ek graach persoanlik te wurd. Dêrfoar kinne jo ús belje op it nûmer 058 292 59 25, fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.