N384 Doanjum
Earder ynformearren wy op dizze webside oer de plannen foar it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de N384 troch Doanjum. Wilens hawwe wy de plannen fierder útwurke en hat de gemeente Waadhoeke besletten in finansjele bydrage beskikber te stellen. Dat betsjut dat de plannen trochgeane en dat wy ynkoarten mei de útfiering begjinne. Oannimmer BAM Infra b.v. fiert it wurk út. It wurk bestiet út twa parten: de dyk tusken Doanjum en Tsjummearum en de kom fan Doanjum. Hjirûnder lêze jo wat wy dwaan sille en wannear en hoe’t de omliedingsrûte der útsjocht.
Wurk oan de N384 Doanjum - Tsjummearum
Om de ferkearsfeilichheid tusken Doanjum en Tsjummearum te ferbetterjen fiere wy ûnderhâld út. Tusken Doanjum en de Muntsewei bringe wy in nije laach asfalt oan. Dêrneist meitsje wy de ôfslach fan de Muntsewei better sichtber. Oer it hiele trasee tusken Doanjum en Tsjummearum komt in nije markearring yn de foarm fan in brede asstreek. Oan beide kanten fan de dyk lizze wy in stripe gersbetonstiennen oan om de kâns op bermûngelokken te ferminderjen.
Doarpsk karakter fuortsterkje
Utgongspunt fan it plan om Doanjum feiliger en leefberder te meitsjen is it fuortsterkjen fan it doarpske karakter. Earder beskreaune wy op dizze webside al hoe’t dat der krekt út komt te sjen. It asfalt kriget in oare kleur en wy realisearje dúdlike ‘doarpstagongen’. Lâns de dyk komt mear grien en de paden krije bypassende klinkers. De fytsoerstek oer de Frjentsjerterdyk wurdt feiliger troch dy mei in oare kleur asfalt te markearjen en de oansluting op de Noarderstrjitte kriget de foarm fan in ynrit. It pleintsje op it krúspunt by de Doarpsstrjitte en de drompel yn de Noarderstrjitte pakke wy yn ‘e maitiid fan 2022 oan. Dat wurk kinne wy om praktyske redenen no net daliks útfiere.

Wurk oan ‘e rioelearring
Tagelyk mei it wurk foar de it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de dyk fiert oannimmer BAM Infra b.v. yn opdracht fan gemeente Waakhoeke wurk út om it gemeentlike rioel tusken Tsjummearumerwei 9 en 23 te ferfangen.
Bestimmingsferkear
Mei útsûndering fan inkelde perioaden kin bestimmingsferkear oer de N384 ride. De Hovensreed bliuwt fia de Doarpsstrjitte berikber, ek mei útsûndering fan guon dagen. Op dagen der foar jo hiem (en oan de haadrydbaan) wurke wurdt, is de trochgong nei jo wente of hiem behindere. Oannimmer BAM Infra b.v. ynformearret jo der op ‘e tiid oer.
Wy freegje bewenners oan de Tsjummearumerwei de auto safolle mooglik op in oar plak yn it doarp te parkearjen. Dat is feiliger foar bewenners en wurknimmers en sa kinne wy flugger wurkje.
Planning en omliedingsrûte
Op moandei 28 juny sette wy mei it wurk oan de N384 Doanjum – Tsjummearum en it op ‘en nij ynrjochtsjen fan Doanjum útein. Nei’t ferwachte wurdt is it wurk op freed 23 july klear. Yn dy perioade is de dyk tusken Doanjum (súdkant) en Tsjummearum (súdlike beboude kom) ôfsletten foar trochgeand ferkear. Ferkear liede wy om fia de N383 en de N393. Doanjum bliuwt fan de kant fan Boer ôf berikber.

Wurk fytspaad Doanjum
Fan moandei 31 maaie ôf begjinne wy mei it wurk oan it fytspaad tusken de Doarpsstrjitte en noardlike beboude kom. Dat wurk wurdt yn parten útfierd. Fytsers liede wy om troch it doarp. Foar bewenners oan it fytspaad jildt dat jo somtiden mooglik net mei de auto by jo hûs komme kinne.

Iepenbier ferfier
Fanwegen it wurk rydt busline 75 salang’t de ôfsluting duorret fan 28 juny oant en mei 23 july in oare rûte. Reizgers út Doanjum kinne yn dy perioade gebrûk meitsje fan de Opstapper. Mear ynformaasje dêroer fine jo op www.arriva.nl/halte.
Mear ynformaasje
Hawwe jo in fraach en kinne jo it antwurd op jo fraach net op dizze webside fine? Dan kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of belje mei 058 – 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren.
Foar fragen oer de útfiering fan it wurk of oer de berikberens fan jo wente/perseel kinne jo kontakt opnimme mei BAM Infra b.v. fia robert.vander.heide@bam.com . Ek kinne jo útfierder Robert van der Heide bûten oansprekke.