N383 Marsum
De tarieding foar de wurksumheden oan de N383 by Marsum sit derop. Ein jannewaris 2022 binne wy begûn mei de útfiering fan de wurksumheden. De wurksumheden bestean út it oanlizzen fan in turborotonde, in fytstunnel en in bypass njonken de besteande ôfrit fan de N31. Oannimmer KWS Infra docht de wurksumheden.
Oanlieding foar de wurksumheden
Provinsje Fryslân wol de N383 by Marsum feiliger meitsje, mar tagelyk de trochstreaming fan it ferkear ferbetterje. Nei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de Noardwesttangint nei Stiens is it drokker wurden op de N383 by Marsum. De rotonde kin de ferkearsdrokte net oan en dit soarget foar opstoppingen. Fytsers moatte tusken auto's troch de dyk oerstekke. Dit smyt gefaarlike situaasjes op. De fertraging yn it autoferkear soarget dêrneist foar hinder op de ôfrit (21) fan de N31 (Ljouwert – Marsum ). Dit liedt ta ferkearsûnfeilige situaasjes op de Heak om Ljouwert (N31 ).

Turborotonde, fytstunnel en bypass
Nei yngreven ûndersyk is yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en Rykswettersteat in ûntwerp makke foar in turborotonde, in fytstunnel en in bypass njonken de besteande ôfrit fan de N31. Sa hoecht ferkear fan de ôfrit net op te hâlden foar ferkear op de rotonde. Dizze maatregels ferbetterje de trochstreaming fan it autoferkear en foarkomme opstoppings op de ôfrit fan de N31. De fytstunnel is feiliger en soarget derfoar dat fytsers ûnbehindere trochride kinne.
Planning en hinder
Ein jannewaris gie de skeppe yn de grûn. Oannimmer KWS Infra wurket yn opdracht fan de provinsje oant en mei 2022 oan de N383. It wurk is opdield yn ferskillende fazen. De planning is ûnder foarbehâld. Eventuele ûnfoarsjoene ôffallers, bygelyks min waar, kinne derfoar soargje dat de planning wiziget.
Faze 1
De earste faze duorret oant heal febrewaris. Yn dy tiid lizze wy in tydlike rotonde en in tydlike sigesach-fytsoerstek oan. Dizze tydlike maatregels soargje derfoar dat de dyk ûnder de wurksumheden yn de folgjende faze iepen bliuwt foar ferkear.
Faze 2
Oanslutend op faze 1 sette wy heal febrewaris útein mei it wurk fan faze 2. Dan lizze we de turborotonde, de fytstunnel en de pompkelder oan. Omdat wy yn faze 1 in tydlike rotonde en in tydlike fytsoerstek oanlizze, kin it ferkear by it útfieren fan it wurk yn faze 2 by it wurk del ride. Wy hoege de dyk dêrtroch net ôf te sluten foar ferkear mei útsûndering fan twa wykeinen. Fan freed 13 maaie 20.00 oere oant en mei moandei 16 maaie 06.00 oere binne de besteande rotondes en de N383 (Westergoawei) folslein ôfsletten foar alle ferkear.
Dizze wykeinôfslutingen binne nedich foar de oanlis fan de nije turborotonde oan de noardkant, ferbreding fan de dyk en asfaltearringswurksumheden. Ferkear liede wy om fia de Noardwesttangint N398 en de N357 by Stiens rjochting Ljouwert (en oarsom ).

Faze 3
Nei it ôfrûnjen fan it wurk fan faze 2 sette wy yn april útein mei grut ûnderhâld, asfaltearringswurk en ôfrûnjende wurksumheden oan de N383. Dit is faze 3. De dyk is fan moandei 16 maaie oant en mei tongersdei 19 maaie jûns en nachts fan 19.00 oere oant 06.00 oere ôfsletten foar alle ferkear. As alles neffens planning ferrint, binne de wurksumheden ein maaie klear. Ferkear liede wy om fia de N31 ôfslach Boalsert en de A31 ôfslach Dronryp.

By de wykein - en nachtôfslutingen ride de bussen fan Arriva ek in oare rûte. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op www.arriva.nl(eksterne link).
Fragen
Foar fragen oer it útfieren fan it wurk of oer de berikberens fan jo wenning of hiem kinne jo kontakt opnimme mei KWS Infra fia rixt@bureauschmidt.nl.
Mear ynformaasje
Wolle jo mear witte oer de wurksumheden oan de N383 by Marsum of hawwe jo fragen? Dan kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of belje mei 058 292 59 25 fan moandei oant en mei freed tidens kantoaroeren.