Fanwege wurksumheden is de N361 fan moandei 29 novimber 06.00 oere ôf ôfsletten foar ferkear. De dyk is ticht fan de rotonde by Gytsjerk ôf oant krúspunt E10. BAM Infra Regionaal út Drachten fiert dêr wurksumheden út. Nei ferwachting is de dyk op sneon 4 desimber om 17.00 oere wer iepen foar ferkear.

Der komt in nije asfaltlaach tusken de rotonde by Gytsjerk en de krusing mei de Rinia fan Nautawei. Op ‘e hichte fan dy krusing is in brêge oanlein. Ek is de dykkonstruksje oanpast. Oan beide kanten fan de dyk komme smelle stroken licht asfalt.

It wurk wurdt kombinearre mei it oanpassen fan de streken op ‘e dyk tusken de Rinia fan Nautawei en krúspunt E10. Earst wurde de middenstreken op de dyk derwei helle. Dêrnei komme der nije streken oan de sydkanten.

It iepenbier ferfier rydt in alternative rûte. Fytsers en fuotgongers kinne der wol lâns. De omliedingsrûte is fia de Sintrale As en wurdt mei buorden oanjûn. Mear ynformaasje oer it wurk en de ôfsluting is te finen op
www.fryslan.frl/N361.