De N361 by Dokkum is woansdei 29 septimber, tongersdei 30 septimber en freed 1 oktober ticht foar alle ferkear. Oannimmer It Slútstik sil dan by it fiadukt oer de Stroobosser Trekfeart ûndersyk útfiere nei de ympakt fan wetter op ‘e dyk en ‘e fundearing fan de dyk. Ferkear kin dy dagen omride fia de westelike rûnwei yn Dokkum. Omliedingsbuorden jouwe de rûte oan.

It ûndersyk is yn en by de terpen oan de noardkant en súdkant fan it fiadukt. De terpen binne foar in part mei stielslakken opboud. Oan de noardkant binne de stielslakken yn oanrekking kommen mei wetter, dat dêrtroch fersmoarget. Ek is it weidek dêr skansearre.

It ûndersyk moat dúdlik meitsje hoe’t wetter (rein en/of grûnwetter) him yn ‘e terpen ferspraat. It moat ynsjoch jaan yn de prosessen yn ‘e grûn en fundearing ûnder it weidek en oft dy yn beide terpen itselde binne. Ek moat der sicht komme op in oplossing dy’t werhelling tefoaren komt.

Yn de wike fan 1 novimber sil de oannimmer it asfalt oer in lingte fan likernôch 200 meter fernije. Op 1 oktober wurdt der al licht ûnderhâldswurk dien oan de toplaach.

De kombinaasje fan stielslakken, fersmoarge wetter en skea oan asfalt spilet ek by guon talúds yn de Sintrale As. Der binne maatregels nommen om fersmoarge wetter op te fangen en ôf te fieren. Undersyk dat dêr yn opdracht fan de provinsje útfierd is, lit sjen dat stielslakken nei alle gedachten troch wetter útset binne en dat it wetter troch it kontakt mei de slakken fersmoarge is, en dat it útsetten de oarsaak is fan skuorren yn ‘e dyk. De provinsje tinkt dat itselde yn de N361 spilet.