Wy binne drok dwaande mei de wurksumheden oan de N357 yn Hallum by de Doniawei. Op dizze side fine jo de lêste stân fan saken.

Wurksumheden N357

Yn Hallum krúst de Doniawei de N357. Wy sille it krúspunt ferfange troch in rotonde. Troch it oanlizzen fan in rotonde ferbetteret de trochstreaming fan de Doniawei ôf. Dêrneist hat de rotonde in ôfremjende wurking, wêrmei't de fytsoerstek oersichtliker wurdt.

Hoe komt de rotonde derút te sjen?

Planning

It wurk foar de oanlis fan de rotonde bestiet út in tal fazen. Der moatte in soad ferskillende wurksumheden barre op in lyts stikje grûn. Net alle partijen kinne tagelyk oan it wurk en moatte dus opinoar wachtsje foar't se oan ’e slach kinne. Dêrtroch liket it somtiden as bart der net in soad. Boppedat kin it foarkomme dat in partij earder klear is as pland, mar dat de oare partij net earder begjinne kin trochdat de nedige materialen of minsken net earder beskikber binne. 

Soms komme wy ûnferwachte saken tsjin, lykas op asbest fertochte buizen. Yn dat gefal giet feiligens foar en lizze wy it wurk stil oant de buizen opromme binne. 

Op it stuit wurde troch de lêste kabels en liedingen de nutsbedriuwen ferlein. Sadree't se klear binne, kin de oannimmer mei de bou fan de rotonde úteinsette. 

De ferwachting is dat heal desimber it wurk klear is.

Iepenbier ferfier

Troch it wurk oan de rotonde hat Arriva de bustsjinsten fan in tal linen wizige. Sjoch foar it fuortgean dêrom altyd op https://www.arriva.nl/plan-je-reis/reisplanner(eksterne keppeling) om wis te witten dat de bus rydt.

Tydlike diken

De tydlike diken rinne oer de paralleldyk en oer it parkearterrein fan Autobedriuw Wiger Hellema. It doarp sels is tydlik net berikber fia de paralleldyk. Hjirtroch komt it krúspunt frij fan ferkear en kinne wy dêr feilich bouwe. Fytsers en fuotgongers krije in eigen rydstrook njonken dy tydlike diken. Oar ferkear kin der ûnder it wurk net del. De bushalte ferpleatse wy tydlik nei de Griene Dyk en Offenwei.
 

Rydrûtes fan autoferkear en fytsferkear op de tydlike diken

Ferkearsregelynstallaasje 

Om it ferkear op de provinsjale dyk by de wurksumheden del te lieden is der in ferkearsregelynstallaasje pleatst. Troch dy ferkearsregelynstallaasje kinne de rydrjochtingen om-en-om it wurk passearje. Om't minsken op elkoar wachtsje moatte, oant de rydbaan wer frij is, jout dat fertraging en soms files. 

De ferkearsregelynstallaasje is foar alle kanten sa optimaal mooglik ynregele. Dat betsjut net dat ferkear gau trochride kin. It betsjut wol dat mei dizze ynstelling alle automobilisten de bêst mooglike trochgong hawwe. 

Op it stuit is de syklus fan de ferkearsregelynstallaasje 5 oant 7 minuten. Dêrneist is it sa dat as der gjin ferkear oankomt de ferkearsregelynstallaasje op read giet. Fytsers moatte op in knop drukke om grien ljocht te krijen. 

Knip yn Offingaweg 

In soad automobilisten, mei in lokale bestimming, fine de wachttiid fan de ferkearsregelynstallaasje te lang en kieze foar in slûprûte troch Hallum. De gemeente hat wilens, yn oerlis mei it Doarpsbelang, mei betonnen blokken in 'knip' op de Offingaweg oanbrocht. 

Dat liket in part fan it slûpferkear te kearen, mar noch net alles. Benammen op ’e rûnwei is it ferkear tanommen. Provinsje, gemeente en Doarpsbelang binne yn oerlis hokker maatregels wy noch mear nimme kinne. It neidiel is, dat troch elke maatregel dy’t derby komt Hallum fierder 'op ‘t slot' komt te sitten. 

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan it wurk oan de N357? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Oanmelde nijsbrief

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 -292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl fan moandei oant en mei freed ûnder kantoaroeren.