Yn it neijier fan 2022 is oannimmer Heijmans yn opdracht fan provinsje Fryslân úteinset mei wurksumheden oan De Sintrale As. De stielslakken binne ôfdutsen mei foly en der waard nij asfalt oanbrocht. De wurksumheden oan de noardkant fan De Falom en de ôfslach Damwâld (faze 1 en 2) binne foar de krystfakânsje ôfrûne yn 2022.

Wurksumheden by De Falom

Healwei maart 2023 hat oannimmer Heijmans it wurk oan De Sintrale As wer oppakt. Sûnt dy tiid wurdt der wurke oan de súdkant fan De Falom (faze 3 en 4).

By de útfieringsperioade is yn beide rjochtingen ien rydbaan beskikber, útsein trije wykeinôfslutingen. Sa kin ferkear ûnder de wurksumheden noch wol oer De Sintrale As ride. It iepenbier ferfier rydt de gebrûklike rûte.

Ofsluting

Om it restearjende wurk útfiere te kinnen moatte wy De Sintrale As noch twa wykeinen folslein ôfslute. Op sneon 13 en snein 14 maaie is de dyk tusken ôfslach Dokkum en ôfslach De Westereen yn beide rjochtingen folslein ôfsletten foar ferkear. As alles neffens planning ferrint dan slute we de dyk nochris yn it wykein fan 8 en 9 july 2023.

Omlieding

Ferkear liede wy om fia de N361 en de N355. Dizze omliedingsrûte jildt ek foar it iepenbier ferfier. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op www.arriva.nl/halte(eksterne link).

Een kaart waar de afgesloten route in een stippellijn wordt aangegeven en de omleiding in een aaneengesloten lijn.

Nei ferwachting binne dizze wurksumheden ein july 2023 klear.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.