De provinsje Fryslân wol de Ryksstrjitwei (de N355) feiliger meitsje. It giet dan ûnder oare om it part fan Quatrebras oant Twizel. Op dit stuit wurdt der op de N355 soms tige hurd riden. Dêrneist binne de krúspunten ûnoersichtlik en ûndúdlik. Dat kin foar ûnfeilige situaasjes soargje. Dy wolle wy fansels graach tefoaren komme. Yn ‘e mande mei advysburo Sweco, de omkriten en belanghawwenden geane wy yn ‘e kommende moannen oan ‘e slach mei it meitsjen fan in plan om de situaasje te ferbetterjen. It doel is in feilige dyk foar elk: fan automobilisten oant fytsers en fuotgongers.

Een weg omzoomd door bomen met een auto rijdend er op

Hokker punten yn de Ryksstrjitwei binne ûnfeilich? Wêr moat de provinsje Fryslân rekken mei hâlde as de dyk oanpakt wurdt? Om in antwurd op dy fragen te krijen, organisearren wy meardere gearkomsten foar omwenners fan de dyk. Sa sammelen wy in soad ynformaasje. Mei dy ynformaasje giene wy oan ‘e slach. Ûnderwilens lizze der in tal sketsûntwerpen fan de dyk. Jo kinne se ûnderoan dizze side dellade.

Hoe no fierder?

Eardat wy bûten oan ‘e slach kinne, moatte wy alle details yn de sketsûntwerpen goed útwurkje. Dêr binne wy no mei dwaande. Wilens dogge wy bûten ûndersyk. Wy dogge ynmjittings of ûndersykje de kwaliteit fan it besteande asfalt. Nei ferwachting binne in part fan de tekeningen en de ûndersiken yn ‘e maitiid fan 2019 klear. Dan sille wy in oannimmer sykje, dy’t it wurk foar ús útfiere kin.

Eftergrûnynformaasje

De N355 – de Ryksstrjitwei – is in wichtige dyk tusken Ljouwert, Hurdegaryp en Bûtenpost. De lêste jierren wurke de provinsje Fryslân al op ûnderskate plakken oan it feiliger meitsjen fan de provinsjale dyk. No is it it stik fan krúspunt Quatrebras oant de rotonde Twizel oan bar. Op it part tusken Ljouwert en Hurdegaryp ûndersykje wy of besteande oerstekplakken opheft wurde kinne.