Sûnt 2016 wurket de provinsje oan it ferbetterjen fan de N354 tusken Ljouwert en Snits. Wy wolle de dyk feiliger meitsje, mar ek rekken hâlde mei de trochstreaming fan it ferkear en de leefberens. Wy troffen de ôfrûne jierren al ferskate maatregels. We fierden grut ûnderhâld út en joegen Dearsum en Tsienzerbuorren in mear doarpske útstrieling.

Koartlyn binne wy úteinset mei de tariedende wurksumheden foar de oanlis fan twa ovondes by de ôfslach nei Raerd en nei Easterwierrum. Sa meitsje wy de dyk fan Snits oant de A32 stap foar feiliger.

Een bovenaanzicht van hoe het er uit komt te zien bij Raerd.
Een bovenaanzicht van hoe het er uit komt te zien bij Easterwierrum

Stân fan saken

Wy hawwe de grûn dy 't nedich is foar de oanlis fan de ovondes yn besit en alle ûndersiken binne klear. No kinne we oan de slach mei de tarieding foar de oanlis fan de ovondes. Earst moatte wy nije sleatten grave en âlde sleatten dempe. Dêrnei ferpleatse ferskate nutsbedriuwen ûndergrûnske kabels en liedingen, sadat se net yn it paad lizze foar de oanlis fan de nije ovondes. Sadree 't de kabels en liedingen ferpleatst binne bringe wy in laach sân oan fan likernôch ien meter heech. It sân bliuwt in pear moannen lizzen en soarget derfoar dat de ûndergrûn op in letter momint net ynsakket.

Een weg waar een auto op rijdt met berm  en een boerderij op de achtergrond

Planning

De oanlis fan de ovondes start, as alles neffens planning ferrint, yn de maitiid fan 2023. Sadree 't der mear bekend is oer de planning fan de wurksumheden litte wy jo dat witte.

Nijsbrief digitaal

Dit is de lêste papieren nijsbrief oer de wurksumheden oan de N354. Fanwegen duorsumensoerwagingen en it flot fersprieden fan aktueel nijs geane wy oer op in digitale ferzje fan de nijsbrief. Wolle jo op 'e hichte bliuwe? Meld jo HJIR oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo de nijsbrief graach ûntfangen bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Fragen?

Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.