Achter de skermen binne wy drok dwaande mei de tariedings foar de wurksumheden oan de N 351 Wolvegea – Slikenboarch. It ûntwerp is klear om ‘de merk op te gean’. Dêrnei kieze wy in oannimmer dy 't de wurksumheden útfiere sil. Op dizze side fine jo de lêste stân fan saken.

Wurksumheden N351

Oan de N351 tusken Wolvegea en de provinsjale grins by Slikenboarch fiere wy grut ûnderhâld út oan de haadrydbaan. Op ferskate plakken lizze wy fytsoerstekken oan. Sa kinne fytsers yn de takomst feilich de N351 oerstekke. Op de krusing fan de N351 mei de Spangahoekwei lizze wy in rotonde oan. Lânbouferkear mei yn de nije situaasje gebrûk meitsje fan de haadrydbaan. Wy passe de markearring op 'e dyk en de buorden oan, sadat weibrûkers witte dat se lânbouferkear op 'e haadrydbaan ferwachtsje kinne. Sa meitsje wy de paralleldyk feiliger foar it oare ferkear. Dêrneist rydt swier ferkear de bermen net langer stikken, wêrtroch’t reinwetter minder fluch op it asfalt stean bliuwt. Om de snelheid op de parallelwei te beheinen plantsje wy hagen en bringe wy op ferskate plakken fisuele drompels oan. 

Een kaart waar het traject op staat waar werkzaamheden worden uitgevoerd. De aan te pakken gebieden worden uitgelicht dmv uitvergrote cirkels.
  1. Opheffen tapers N351 - Zeedijk/Lindedijk

  2. Ferromje sicht troch snoeien bossaazje N351

  3. Lânbouferkear op de haadrydbaan (hiele trasee ):

    • oanpassing markering

    • oanpassing bebuording

  4. Oanlis rotonde N351 - Grindweg/Spangahoekweg

  5. Oanlis fytsoerstekplak N351 - Fuotpaad Spangahoekweg

  6. Oanlis fytsoerstekplak N351 – Spangahoekweg

  7. Optyske fersmelling fan paralleldyk troch plantsjen hagen yn tuskenberm

  8. Oanlis fytsoerstekplak N351 – Lindedijk

  9. Oanlis fytsoerstekplak N 351 - De Merriemaden

Stikstof

Op dit stuit sjogge we wat de gefolgen binne foar dit projekt fan de resinte rjochtlike útspraken op it mêd fan stikstofútstjit. It projekt rint ommers troch de Rottige Meente dat kwalifisearre is as in stikstofgefoelich gebiet.

Foar de oanlis fan de rotonde ha we in stikstoffergunning nedich, mar der wurde tydlik gjin fergunningen ferliend, oant yn alle gefallen 1 jannewaris 2023. Wy besjogge no alfêst hokker senario’s oft der mooglik binne om it projekt útfiere te kinnen, sadree 't de fergunningferliening wer op gong komt. In opsje is bygelyks it opknippen fan it projekt. Dat soarget wol foar in langere perioade fan oerlêst foar de omjouwing. Dêrom wage wy ferskate opsjes soarchfâldich ôf, sadat wy de bêste kar meitsje kinne.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan it wurk oan de N351? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Digitale nijsbrief oanfreegje

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.