De provinsje Fryslân hat in nije lûdsbelestingkaart 2021 fêststeld. Dizze kaart jout op basis fan berekkeningen it lûd yn ‘e omkriten fan provinsjale diken yn Fryslân wer en ferfangt de kaart fan 2016. Oan ’e hân fan dizze kaart komt der yn 2024 in plan mei maatregels om de it tanimmen fan  lûd te beheinen.

Ien kear yn ‘e fiif jier stelt de provinsje Fryslân in nije lûdsbelestingkaart fêst. Dy kaart lit sjen dat it tal wenningen dat oan ferkearslawaai bleatsteld is yn Fryslân tanommen is. Fryslân hat ûnder oare mear kilometers provinsjale dyk krigen en der ride mear auto's. Dêrneist is de berekkeningsmetoade wizige. Foar hiel Europa is dy berekkening – op basis fan ferkearsyntinsiteit, faasje, kondysje fan de dyk en de ôfstân ta de bebouwing – gelyk en wetlik fêstlein.

Aksjeplan lûd

De provinsje hat de ferplichting om nei it fêststellen fan in lûdsbelestingkaart ek in aksjeplan lûd op te stellen. Dat plan beskriuwt mooglike maatregels om lûd te beheinen. Yn it gefal fan provinsjale diken kin it gean om it oanlizzen fan stiller asfalt of it pleatsen fan in lûdswâl. As dit net genôch wurket, kin it gean om it isolearjen fan wenningen. Omdat de lûdsbelestingkaart op basis fan nije berekkeningen fêststeld is, nimt de provinsje ek de útgongspunten foar it aksjeplan lûd ûnder de loep. It nije aksjeplan komt yn 2024 en slút oan op de nije lûdsbelestingkaart (2021). It hjoeddeistige aksjeplan rint oant 2023 en is allinnich fan tapassing op de foarige lûdsbelestingkaart (2016).

Lûdsproduksjeplafond

Mei it yngean fan de Omgevingswet feroaret ek it ien en oar op it mêd fan lûdwetjouwing.Wêr't it lûd fan diken sûnder gefolgen jierliks wat tanimme kin as gefolch fan groei fan it autoferkear, sit der aanst in maksimum oan 'e groeiromte. As it maksimum, it lûdsproduksjeplafond, berikt is, moat de provinsje neigean hokker maatregels naam wurde kinne om it lûd wer ûnder it maksimale grinsnivo te bringen.

Foar it fêststellen fan it aksjeplan lûd, wachtsje wy op dy Omgevingswet. "Wy hawwe it lûd yn ‘e omkriten fan provinsjale diken no op ‘en nij berekkene en geane dêrnei oan ’e slach mei in byhearrend aksjeplan. Dêryn moatte wy ek nije easken út de Omgevingswet ferwurkje. Oant dat klear is hâlde wy fêst oan it aksjeplan dat heart by de lûdsberekkeningen út 2016", seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.