Ut it Europeeske LEADER-programma jout de provinsje Fryslân in subsydzje fan €3.175.000,- foar plattelânsprojekten yn de regio Súdwest-Fryslân. De subsydzje komt beskikber foar inisjativen dy't har ûnder oare rjochtsje op it fuortsterkjen fan de plattelânsekonomy it lânskip en de sosjale koheezje. Fan no ôf kinne oanfregers harren plannen yntsjinje.

LEADER Súdwest-Fryslân

(Liaison Entre Actions de Développement de l'Économie Rurale) is in Europeesk subsydzjeprogramma foar plattelânsûntwikkeling. Ferantwurdlik deputearre Wiersma:      “Mei LEADER docht de provinsje tegearre mei Europa en de gemeenten in foarse ynvestearring yn de leefberens fan ús plattelân. Wy hoopje dat hjirmei in soad inisjativen ta útfiering komme kinne."

Elk gebiet hat yn in saneamde Lokale Untwikkelingsstrategy oanjûn hokker tema’s hja de kommende jierren sels wichtich fine en watfoar soarte projekten se graach stimulearje wolle. Kinst yn de regio Súdwest-Fryslân dêrom subsydzje oanfreegje foar projekten dy't har rjochtsje op syn minst op ien fan de neikommende tema’s:

  • foar it behâld fan ús kultuerhistoarysk lânskip
  • kânsen foar de transysjes dy’t yn de lânbou barre moatte
  • kânsen foar it fersterkjen fan de arbeidsmerk yn dizze regio

Yn alle trije oanwiisde gebieten is in Lokale Aksjegroep (LAG) ferantwurdlik foar de útfiering fan it programma. Christien Lycklama a Nijeholt, vice-foarsitter fan de LAG Súdwest-Fryslân: “As wy earne sterk yn binne yn de Súdwesthoeke, dan is it wol de ûnderlinge ferbining en moaie Mienskipsprojekten. Dit is ek de driuwfear dy’t nedich is foar in suksesfol LEADER-programma”

Betingsten

It projekt kin foar maksimaal 50% fan de kosten subsydzje oanfrege wurde. It subsydzjebedrach leit foar alle projekten tusken de € 50.000 en € 124.999. Fan 2024 oant 2027 kinne oanfragen oanhâldend yntsjinne wurde. Dizze wurde yn de earstfolgjende omloop yn behanneling naam. Alle jierren slute de omlopen op 11 april en 17 oktober om 17.00 oere.    

LEADER

Yn de jierren 2024-2027 kin LEADER-subsydzje oanfrege wurde. Oanfragen kinne yntsjinne wurde fia de webside fan it SNN(eksterne keppeling)(eksterne keppeling). De adviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Mear ynformaasje en ynspirearjende projekten(eksterne keppeling)(eksterne keppeling)