Fryslân is in agraryske provinsje mei in soad lânbouferkear. Yn guon gefallen mei lânbouferkear gebrûk meitsje fan de haadrydbaan. As der op dy dyk in ynhelferbod jildt, dan kin it lânbouferkear net ynhelle wurde.

Op in tal provinsjale diken mei lânbouferkear fan de haadrydbaan gebrûk meitsje. Op oare diken mei dat krekt net en rydt lânbouferkear oer de neistlizzende paralleldyk of oer de gemeentlike diken yn it gebiet. Op wer oare diken mei lânbouferkear op de haadrydbaan dêr’t in ynhelferbod jildt, mei útsûndering fan lânbouferkear. Op dizze side fine jo ynformaasje oer maatregels foar lânbouferkear:

Plak op ‘e dyk lânbouferkear

Om te beoardieljen oft lânbouferkear op de haadrydbaan ride mei wurdt sjoen nei:

  • De funksje fan de dyk
  • It tal útreden
  • Ynrjochting en foarm fan de dyk

De funksje fan de dyk

Provinsjale diken kinne ûnderskate funksjes hawwe. Wy ûnderskiede der twa: in streamfunksje en in gebietsûntslutingsfunksje. As de dyk in saneamde ‘streamfunksje’ hat, dan is lânbouferkear net tastien. Faak binne dy diken as autodyk ynrjochte dêr’t 100 km yn ‘e  oere riden wurde mei. In autodyk is te werkennen oan de grien asstreek. As de dyk in ‘gebietsûntslutingsfunksje’ (80 km/oere) hat, dan hinget it fan de ferkearsyntinsiteit ôf oft lânbouferkear op de haadrydbaan ride mei. Op drokke diken jout lânbouferkear tefolle opûnthâld. Dêrtroch kinne der gefaarlike situaasjes ûntstean by it ynheljen fan trekkers en oar lânbou-ark. Stadich ridend en lânbouferkear is op dy diken ferbean. Op minder drokke diken rydt it lânbouferkear op de haadrydbaan. De feiligens op de paralleldyk of gemeentlike diken foar brommers en fytsers en ferkearsdielnimmers yn de beboude kom nimt dêrtroch ta.

Tal útreden

De berikberens fan doarpen, stêden en gebieten is wichtich. Dêrom wurdt by de ôfwaging oft lânbouferkear op de haadrydbaan ride mei, ek sjoen nei it tal útritten lâns de haadrydbaan. Utritten soargje foar ôfslaand ferkear en hawwe in negative ynfloed op de trochstreaming fan it ferkear. De kâns op ûngelokken troch útritten is grutter. By diken mei in soad útritten rydt it lânbouferkear dêrom op ‘e paralleldyk. It stribjen fan de provinsje is it tal útritten safolle mooglik te beheinen.

Ynrjochting en foarm fan de dyk

As lêste hat ek de ynrjochting en de foarm fan de dyk ynfloed op lânbouferkear op de dyk. In soad bochten yn in dyk makket it ynheljen bygelyks gefaarlik. Ek beammen kinne it sicht op ‘e dyk behinderje. Dat kin betsjutte dat der dan in folslein ynhelferbod jildt en dus ek lânbouferkear net ynhelle wurde mei.

Lânboupassearstripe

In lânboupassearstripe is in stripe neist de dyk dy’t lânbouferkear brûke moat om it oare ferkear foarby gean te litten. In lânboupassearstripe mei allinne troch lânbouferkear brûkt wurde. Diken mei in ferbod foar lânbouferkear kinne troch de oanlis fan in lânboupassearstripe foar dat ferkear iepensteld wurde. Ek wurde der lânboupassearstripen by diken oanbrocht  dêr’t lânbouferkear al tastien is. It doel is it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid. Dat is nedich troch bygelyks it tanommen ferkear of troch it ûntbrekken fan alternative rûten foar lânbouferkear.

Weg met daarnaast een landbouwpasseerstrook en een vrachtwagen met daarom heen weiland en een boom
Ien fan de provinsjale diken dêr’t lânboupassearstripen oanlein binne is de Uterwei (N358) tusken Bûtenpost en Surhústerfean

Wat betsjut in lânboupassearstripe foar it ferkear?

Oar ferkear kin lânbouferkear feilich ynhelje troch in lânboupassearstripe. In trekker of oar lânbou-ark moat dy stripe brûke en kin dêrnei wer feilich op de haadrydbaan ynfoegje, sûnder it oare ferkear dêrby te hinderjen. Dat kin allinne as in lânboupassearstripe op de goede manier brûkt wurdt. In lânboupassearstripe soarget foar in bettere trochstreaming fan it ferkear.

Hoe wurket in lânboupassearstripe?

In lânboupassearstripe wurket it bêste as it oare ferkear it lânbouferkear ynhelje kin. Dêrnei kin it lânbouferkear sûnder al te folle ôf te remjen wer feilich op de haadrydbaan ynfoegje. De lingte fan in lânboupassearstripe is dus ôfhinklik fan hoefolle ferkear der trochsneed op de dyk rydt. Meastal wurde lânboupassearstripen nei in rotonde oanlein. By in rotonde leit de faasje nochal wat leger, wêrtroch’t der romte ûntstiet yn de ferkearsstream en lânbouferkear feilich en ûnbehindere op de haadrydbaan ynfoegje kin.

Ynhelferbod

By de ynrjochting fan diken hantearret de provinsje dêrom it prinsipe ‘duorsum feilich ferkear’. Dat betsjut dat diken op in beskate manier ynrjochte wurde om ûngelokken safolle mooglik foar te kommen. Ynhelje jout kâns op ûngelokken. Troch fysike barriêres te pleatsen is ynhelje net mooglik. In foarbyld fan sa’n fysike barriêre is in fangrail op in autodyk, wêrby’t ferkear út tsjinstelde rjochting fan inoar skaat wurdt. In alternatyf om ferkear te skieden is in dûbele trochlutsen asstreek op ‘e dyk. As der op dy dyk in ynhelferbod jildt, dan kin it lânbouferkear net ynhelle wurde. It ynhelferbod soarget foar mear ferkearsfeilichheid, mar de trochstreaming fan it oare ferkear wurdt minder.

9-1 streek

Om de trochstreaming fan it ferkear op in feilige manier te befoarderjen past de provinsje in saneamde 9-1 streek ta. De 9-1 streek is in trochlutsen asstreek fan 9 meter lang mei ien meter ûnderbrekking (9 meter trochlutsen streek – 1 meter gjin streek). It boadskip fan de asstreek foar it skieden fan yn ‘e mjitte kommende ferkear bliuwt itselde. Der jildt noch hieltyd in ynhelferbod, mar dat ferbod jildt net foar it ynheljen fan lânbouferkear. Ferkearsbuorden lâns de dyk stypje it boadskip fan de 9-1 streek.

Asfaltweg tussen de bomen met doorgetrokken dubbele streep
De provinsjale dyk De Skieding is ien fan diken dêr’t in 9-1 streek op stiet. It giet om in njoggen meter trochlutsen streek, mei dêrtusken in ûnderbrekking fan in meter.

Op it stuit binne der twa provinsjale diken dêr’t bekend fan is dat der in 9-1 streek tapast wurdt. Dat giet om de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Stiens (N357) en de Skieding, de provinsjale dyk tusken de A7 (Frieschepalen) en de rotonde by Surhústerfean (Grinzerstrjitwei). De provinsje Fryslân besjocht op it stuit hokker provinsjale diken mooglik noch mear yn ‘e beneaming komme foar in 9-1 streek. Ein 2019 sille dêr ferkearsbesluten oer nommen wurde. Yn ‘e maitiid fan 2020 sil dy markearring op de dêrta oanwiisde diken oanbrocht wurde.