Yn ‘e mande mei de gemeente Tytsjerksteradiel wurket de provinsje Fryslân oan de plannen foar it krúspunt Quatrebras. Yn desimber 2019 hawwe wy in bewennersjûn hâlden. Op basis fan de ynput fan dy jûn hawwe wy twa mooglike oplossings ûndersocht. In krúspunt mei ferkearsljochten en in rotonde. In rotonde foel dêrby ôf, fanwegen de grûn dy’t wy nedich hawwe. Dêrom hawwe wy fierder wurke oan it krúspunt mei ferkearsljochten.

Krúspunt mei ferkearsljochten

By it ûntwerp hawwe wy besocht oerstallige ferhurding op te romjen. Wy meitsje it krúspunt kompakter mei it tal rydstripen dat minimaal nedich is. Om it krúspunt hinne pakke wy ek de paralleldiken, trottoirs en foarsortearfakken oan.

Overzichtskaartje werkzaamheden N919 bij Oosterwolde. Op vier plekken pakken we de weg aan. Meest noordelijk doen we groot onderhoud aan de Schottelenburgweg en 't Oost. Deze werkzaamheden staan gepland voor voorjaar 2022. Een beetje naar onder passen we de Rijweg aan. Dan weer een stuk naar onder is groot onderhoud. Het derde punt, het vervangen van de brug Venekoterweg en het aanpassen van het kruispunt Houtwal en rotonde Molenweg. In het najaar 2021 starten we met de herinrichting van de Venekoterweg.
Ontwerp herinrichting kruispunt Quatrebras

 Besjoch foar in gruttere werhjefte de nijsbrief van februari 2021.

Iepenbier ferfier

Troch it oanpassen fan it krúspunt ûntstiet der mear romte om de bushalten oan te pakken. De bushalten lizze yn de besteande situaasje ferspraat om it krúspunt hinne. Wy ferpleatse de bushalten en lizze dy tichter byinoar oan. Dat befoarderet it gemak by it oerstappen fan de iene op de oare bus.

Fytsers en fuotgongers

It op ferkearde en ûnfeilige plakken oerstekken fan fytsers hawwe jo as in wichtich oandachtspunt oan ús meijûn. Mei it oanpakken fan it krúspunt besykje wy fytsers te bewegen om by it krúspunt feilich oer te stekken fia de ferkearsljochten. Oan de westside fan de Woudweg helje wy in part fan de paralleldyk der wei. Dêrmei wolle wy ûntmoedigje dat fytsers al op de Woudweg oerstekke. Hielendal tefoaren kommen kinne wy dat net. Dêrom realisearje wy oan de westside fan it krúspunt in nije oerstek foar fytsers en fuotgongers. Sa kinne fuotgongers ek feilich oerstekke tusken de nije bushalten. In oantal paralleldiken foarmje wy ta fytspaad om. Tusken it krúspunt en de rotonde meitsje wy in middengelieder om it oerstekken fan fytsers foar te kommen. In middengelieder is in ferhege ôfskieding tusken twa rydstripen.

Paralleldiken en carpoolterrein

De paralleldiken wurde geregeld troch slûpferkear brûkt om de ferkearsljochten ôf te snijen. Dat losse wy op troch om it krúspunt hinne de paralleldiken yn fytspaden te feroarjen. De paralleldiken lâns de Ryksstrjitwei bliuwe bestean, útsein in lyts part op de noardkant (fan de kant fan Quatrebras sjoen) om it trochgeande karakter derút te heljen. Op de Oude Commissieweg en de Woudweg kieze wy derfoar om de paralleldiken der foar in part wei te heljen en foar in part ta fytspaad om te foarmjen. De oanlizzende perselen krije dan in útrit op de haadrydbaan. Op ‘e hichte fan de bedriuwen oan de Woudweg is derfoar keazen om in tal stikken as paralleldyk yn stân te hâlden. Op de tekening binne de paralleldiken mei in oranje kleur oanjûn. By it carpoolterrein helje wy der ien útrit út. It carpoolterrein sels feroarje wy net.

Gearwurking mei gemeente Tytsjerksteradiel

It ûntwerp fan krúspunt Quatrebras is yn nauwe gearwurking tusken de provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel ta stân kommen. De provinsje pakt de Ryksstrjitwei (N355), ynklusyf it hiele krúspunt en de bushalten, oan en de gemeente de Oude Commissieweg en de Woudweg. De gemeente is drok dwaande om de finansiering foarinoar te krijen. Yn de rin fan 2021 ferwachtsje wy jo dêr mear dúdlikens oer jaan te kinnen.

Rioelearring (gemeente)

De rekonstruksje fan it krúspunt en de oanslutende diken is foar ús ek oanlieding om de rioelearring oan te pakken. Dêrby giet it om it ferfangen fan rioelearring, oanlis fan reinwetterliedings en it ôfkeppeljen fan reinwetter fan wenten en diken. De maatregels wurde safolle mooglik kombinearre mei it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de diken. Dat is ôfhinklik fan de finansiering en de planning fan it gemeentlike part. Op it stuit dat it dúdlik is, ynformearje wy jo dêroer.

Vitens

Vitens ferfangt ein febrewaris 2021 alle drinkwetterliedings – tusken it krúspunt Quatrebras en Noardburgum. It wurk set oan de kant fan Quatrebras útein. Lâns de noardlike paralleldyk is it wurk it meast sichtber en te fernimmen. As it wurk klear is slút Vitens de huzen op dat part op dy nije lieding oan. Dêrfoar moat it wetter yn jo wenning of bedriuw tydlik ôfsletten wurde. Bewenners wurde op syn minst ien dei fan te foaren troch Vitens ynformearre mei in kaartsje yn de brievebus. Vitens hat mei de omlizzende bedriuwen direkt oerlis oer wannear’t en hoelang’t it wetter der tydlik ôf kin.

Planning oanpak krúspunt

  • 1e helte 2021: Wurksumheden wetterlieding (Vitens)
  • 1e helte 2022: It krúspunt en de Ryksstrjitwei op ‘en nij ynrjochtsje (provinsje Fryslân)
  • 2e helte 2022: Oude Commissieweg en Woudweg ynkl. rioelearring (gemeente Tytsjerksteradiel)

Fragen?

Wy binne benijd nei jo miening. Wolle jo witte litte wat jo derfan fine? Of hawwe jo noch fragen? Lit it ús witte!

Jo kinne kontakt opnimme mei de provinsje oer de Ryksstrjitwei (N355), it krúspunt, de ferkearsljochten en bushalten. Stjoer in e-mail nei provincie@fryslan.frl mei as ûnderwerp Krúspunt Quatrebras. Of belje mei 058 – 292 59 25 en freegje nei Arno van den Enden.

Oer de Oude Commissieweg, Woudweg en/of rioelearring kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente: Stjoer by foarkar in e-mail nei 
gemeente@t-diel.nl mei as ûnderwerp ôfdieling Behear, krúspunt Quatrebras, of belje mei 14 0511 en freegje nei Rob de Vries.

By fragen oer it wurk fan Vitens kinne jo kontakt opnimme mei Peter Mulder 06 - 10 47 14 18 of Nico Gaal 06 - 51 15 88 59.