Kontakt mei in Steatelid of fraksje

Wolle jo persoanlik kontakt opnimme mei ien fan de 43 Steateleden? Kontaktynformaasje fan alle Steateleden en de fraksjes fine jo fia Steateleden en fraksjes Provincie Fryslân (notubiz.nl(eksterne link)

Kontakt mei Provinsjale Steaten sûnder registraasje

Om alle Steateleden yn ien kear te berikken sûnder tuskenkomst fan de griffy, maile jo nei staten@fryslan.frl. Jo e-mail komt by alle Steateleden yn de mailboks. Ek nijsbrieven en útnûgings kinne jo streekrjocht nei alle Steateleden maile. Jo e-mail wurdt net registrearre en ek net op de webside set.

Mochten Provinsjale Steaten beslute om jo brief dochs yn in gearkomste te behanneljen, dan wurdt it brief dochs noch by de iepenbiere stikken opnommen.

Kontakt mei Provinsjale Steaten mei registraasje

Om alle Steatenleden yn ien kear te berikken mei tuskenkomst fan de griffy, maile jo nei statengriffie@fryslan.frl. De griffy registrearret jo e-mail en set dy op de list fan ynkommen stikken(eksterne link). Yn ferbân mei de AVG (privacywetjouwing) sjogge jo jo e-mail mooglik anonimisearre werom op de iepenbiere list mei ynkommen stikken. Oft de fraksjes ynhâldlik op jo e-mail reagearje wolle, wurdt oan harren oerlitten.

Alle stikken dy’t troch PS behannele wurde, falle ûnder de Wet openbaarheid van bestuur. De griffy set dêrom alle stikken dy’t fia de griffy ynkomme op de webside.

Brieven sûnder ôfstjoerder dy't by de Steategriffy ynkomme, wurde net iepenbier by de ynkommen stikken pleatst.

Jo fine Provinsjale Steaten op: