Boeren dy’t harren kij weidzje litte hawwe dêr gjin aparte fergunning foar nedich. Dat hawwe alle provinsjes hjoed bekrêftige. Ek provinsje Fryslân is fan betinken dat it weidzjen fan fee in gewoan ûnderdiel fan it boerebedriuw is en dat it weidzjen al ûnderdiel fan de fergunning foar stâlemisjes is.

Gewoan ûnderdiel fan de bedriuwsfiering

It weidzjen fan kij is al sûnt lange tiid in gewoan ûnderdiel fan de bedriuwsfiering yn de feehâlderij. It is goed foar it bistewolwêzen en ûnderdiel fan it Fryske lânskip en de Fryske kultuer. Ek yn termen fan stikstofemisje geunstiger as it folslein op stâl hâlden fan it fee, wêrby’t urine en fêste dong yn de stâl trochinoar reitsje. Yn dat proses komt der stikstof frij.

Deputearre Klaas Fokkinga (FNP): “Yn Fryslân is it ûntinkber dat boeren foar it weidzjen fan kij in fergunning oanfreegje moatte soene. In ko yn de greide is de gewoanste saak fan de wrâld en dat moat ek sa bliuwe. It is goed dat wy as provinsje dit beslút nommen hawwe.”

Hoe giet it yn ‘e wurken?

De minister en de provinsjes redenearje dat boeren yn harren stâlfergunning al in fergunning hawwe foar it hâlden fan harren bisten, ynklusyf de útstjit dy’t dêrby frijkomt. Yn oerienstimming mei it advys fan de Commissie Remkes stelle de provinsjes harren op it stânpunt dat it weidzjen dêrtroch net liede kin ta mear útstjit as al yn de stâlfergunning beoardiele is. In aparte fergunning neffens de Wet Natuurbescherming foar it weidzjen soe dan ek dûbeld wêze. Rinnende en nije fergunningoanfragen foar stâlen wurde troch de provinsjes allinne beoardiele op de útstjit dy’t út de stâlen frijkomt. Hanthaveningsfersiken dy’t by de provinsjes ynkommen binne, omdat der ûndúdlikens oer de regels oangeande it weidzjen wie, sille troch de provinsjes ôfwiisd wurde.

Toetsen oan de praktyk

Fan no ôf wurkje provinsjes yn it hiele lân neffens dizze ôfspraken oer it weidzjen. Hanthaveningsfersiken sille de provinsjes op basis dêrfan ôfwize. It is oan de rjochter oft de hantearre oanpak foldocht of dat dy oanpast wurde moat.