Mei-inoar wurkje wy oan in moai en sterk Iselmargebiet

It wetterpeil yn de Iselmar sil feroarje. Dat hat gefolgen foar de Fryske kust. Mooglik sille natuergebieten en strannen ôfbrokkelje. It Ryk en Fryske partijen ynvestearje mei-inoar hast 17 miljoen euro om de Fryske Iselmarkust fuort te sterkjen. Dêrneist is it jild bedoeld om de kust noch oantrekliker te meitsje. Bygelyks troch it ferbetterjen fan natuergebieten, it oanlizzen fan nije fytsrûten en kuiermooglikheden, bettere plakken foar wettersporters en kitesurfers en it belibjen fan kultureel erfgoed.

Ûnder de namme Fuortsterkje Fryske Iselmarkust wurkje it Ryk, provinsje Fryslân, gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en It Fryske Gea gear om de Fryske Iselmarkust noch moaier en sterker te meitsjen. It projekt Fertsterkje Fryske Iselmarkust is út it ambysjedokumint ‘It Fryske Iselmarkustgebiet’ fuortkommen. Dit dokumint sjocht foarút nei de ynhâldlike ynfolling fan it Fryske Iselmargebiet yn 2050. Hjirby wurdt oansletten op de lanlike Aginda Iselmargebiet 2050. Fanút it ambysjedokumint begjinne yn de takomst meardere projekten. De lanlike Aginda Iselmargebiet 2050 is feitlik de brede paraplu en oerset nei it ambysjedokumint en hjirûnder falle konkrete projecten, foar no yn earste ynstânsje it project Fersterkje Fryske Iselmarkust.

Bron: YouTube

Dizze projekten fiere wy út

Op ûndersteande plakken sille wy de Fryske Iselmarkust fuortsterkje. Jo kinne de kaarten dellade.

Plak

Wat dogge wy?

Warkum

  • Ferbetterje en útwreidzje natuer Warkumerwaard (eroazje)
  • Ferbetterje en útwreidzje natuer Stoenckherne (eroazje)
  • Ferlingje strekdaam foar soal It Soal.
  • Ferbetterje mooglikheden foar kitesurfers en wettersporters by strân Warkum

Hylpen

  • Strân badpaviljoen opknappe (eroazje)

Gaasterlân

  • Strannen Hege Gerzen en It Mirnser Klif opknappe (eroazje)

MokkebankLaaksum

  • Ferbetterje en útwreidzje natuer (eroazje)
  • Rekreaasje: û.o. kuierpaden, fûgelhutte

De Lemmer – Teakesyl

  • Ferbetterje en útwreidzje natuer (eroazje)
  • Rekreaasje: û.o. fyts/kuierpaad
  • Kultuerhistoarje: û.o. Joadsk begraafplak

Mear ynformaasje oer de projekten kinne jo fine op dizze webside.

Reservelist

Dêrnjonken stean de projekten by Makkum, Molkwar en Gaasterwaarden foarearst op ‘e reservelist. Mei it beskikbere budzjet wie it net mooglik om dy projekten no út te fieren. Mar wy dogge ús bêst om ek dy projekten of parten dêrfan te realisearjen.

Planning

  • 2019-2020: Projekten útwurkje. Û.o. oerlis mei oanbelangjenden, ûntwerpen fêststelle, fergunnings oanfreegje.
  • 2020: Projekten oanbesteegje oan merkpartijen.
  • 2021-2022: Projekten útfiere.

Kontakt

Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús fia secretariaatijsselmeerkust@fryslan.frl. Dit kin ek fia ús Klantkontactsintrum fia provincie@fryslan.frl of tillefoanisch 058 - 292 59 25. 

Oanmelde nijsbrief

Op ‘e hichte bliuwe? Jo kinne jo oanmelde foar it nijsbrief.

Logo's van alle partijen die aan dit project meewerken