Op woansdei 11 maaie kamen partners en ynteressearre partijen byinoar foar de mienskiplike ôftraap fan it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân 2022. De dei stie yn it ramt fan it jierplan foar 2022. Ek is de dielname fan it Fryske Herstelprogramma oan it lanlike Deltaplan Biodiversiteit ûndertekene en waard der in belofte oan natuer en lânskip dien.

Gemeenten, wetterskip, natuer-, lânbou- en miljeuorganisaasjes, bioferskaatsinisjativen en oare ynteressearren waarden bypraat oer de stân fan saken fan it jierplan en de lansearring fan it platfoarm www.biodiversiteit.frl, dêr’t de kommende tiid oan wurke wurdt. Ek wiene der workshops en ekskurzjes, wie der romte om te netwurkjen en kamen der in pear ferrassingsperformances foarby. Deputearre Douwe Hoogland iepene de dei nei de betiide sinne-opkomstkuier: “It is moai dat der sa’n omtinken is foar it bioferskaat. Dat is wichtich en nedich.”

Belofte foar in Nije Maitiid

Op de middei waard, út namme fan fertsjintwurdigers fan de Fryske befolking, in belofte dien oan de natuer en it lânskip, by in symboalyske brulloft tusken minske en natuer. In Belofte foar in Nije Maitiid. Boer Sjoerd Miedema bringt dizze belofte, dwers troch Fryslân, mei hynder en wein fan Easterwâlde nei Tresoar yn Ljouwert. Op 12 maaie, Alde Maaie, komt Miedema oan by Tresoar dêr 't de eksposysje Atelier Natuerlik Fryslân 2050 iepene wurdt en de belofte yn de eksposysje komt te hingjen. Alde Maaie is de dei dat eartiids kontrakten op lân fernijd waarden en om dy datum hinne waard fan âlds in soad troud. Dêrom is de ynstek om de beloften oan de natuer en it lânskip alle jierren op dizze dei te fernijen. De berneboargemaster fan Ljouwert ûntfangt de belofte, as fertsjintwurdiger fan 'e takomst.

Herstelprogramma

Mei it Herstelprogramma Biodiversiteit Fryslân sette de ferskate partners yn op it fersterkjen fan it bioferskaat yn de provinsje. Om foar in better leefgebiet te soargjen foar kwetsbere soarten lykas de otter, de noardske wrotmûs, greidefûgels lykas de skries, mar ek bysûndere kikkertsoarten, libellen, fisken en ynsekten. Troch kennis te ûntwikkeljen, besteande kennis oer bioferskaat te dielen en troch yn te setten op edukaasje. Dêrneist giet it om it lizzen fan ferbiningen tusken besteande en nije inisjativen - yn kontakt en gearwurking - mar ek troch ferbiningen yn it fjild, bygelyks fia bermen. Der wurdt fierder ynset op natuerynklusyf wurkjen: it yntegrearjen fan bioferskaat en de oandacht dêrfoar yn oare opjeften dy 't yn Fryslân spylje, lykas de enerzjytransysje of de wenningbouw en -renovaasje. Dit programma wurdt alle jierren útwurke yn in jierplan mei konkrete aksjes, lykas it meitsjen fan in hantrekken oer boaiembioferskaat of it ûntwikkeljen fan ynsekteprojekten. Foar it Herstelprogramma is 2,7 miljoen euro beskikber oant en mei 2023.