Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 18 inisjativen út de mienskip. Mei-inoar giet der goed 266.328 euro nei projekten foar leefberens op de Fryske eilannen.

Renovaasje jeugdhonk Kittiwake

Jeugdhonk Kittiwake is al jierren in begryp op Skiermûntseach, by de eilanners likegoed as by de toeristen. De jongerein fan Skiermûntseach wol al jierren ‘har’ gebou opknappe, sadat it wer in eigentiidsk jeugdhonk wurdt. It gebou foldocht net mear oan de winsken en easken fan dizze tiid. Stichting Lytje Willem hat as behearder fan it pân subsydzje oanfrege om de ferbouwing te realisearjen. Dy stichting organisearret as rekreaasjeteam al jierrenlang ferskate aktiviteiten yn en út de Kittiwake wei. It is in wichtich moetingsplak foar û.o. klups en ferienings.

De gemeente grypt as eigener dit momint oan om in flinke slach te slaan yn it duorsumer meitsjen fan it gebou en fiert de ferbouwing út. Oeral komme dûbele ruten yn en it hiele gebou wurdt isolearre. Dêrneist sil û.o. de yngong fan it gebou oanpakt wurde en dêrmei it oansjen fan it gebou yngreven feroarje. De jongerein mei meitinke oer de romten en de sfear sadat it jeugdhonk aanst hielendal oan harren winsken foldocht. Dêrneist stekke se sels de hannen út ‘e mouwen.

De folsleine projektkosten binne 87.500 euro. It IMF draacht 35.000 euro subsydzje by.

Iepen Mienskipsfûns

Yn ’e tredde iepenstelling kinne jo wer subsydzje oanfreegje. De oanfraachperioade is fan 6 septimber oant en mei 30 septimber 2021. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sûnt koart kinne jo ek ideeën yntsjinje dy’t in nij proses of produkt nei it eilân bringe. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf