In grutte kolleksje bylden en foto’s fan de Sudersee is fan no ôf tydlik yn it Afsluitdijk Wadden Center te bewûnderjen. De útstalling ‘Zuiderzee in Beeld’ waard tiisdeitemiddei 12 septimber  feestlik iepene troch deputearre Matthijs de Vries fan provinsje Fryslân. Hy die dat yn ‘e mande mei bestjoersleden fan de doarpsrieden en ferienings fan pleatslik belang oan ‘e Fryske en Noard-Hollânske Iselmarkust.

De bou fan de Ofslútdyk hat in ôfgryslik grutte ynfloed hân op it libben op en om de eardere Sudersee. De útstalling ‘Zuiderzee in beeld: films en verhalen’ is in omreizgjend audiofisueel barren dat besikers oan ‘e hân fan autentyk filmmateriaal meinimt op in reis troch it yn ‘e 20ste iuw folslein feroare Suderseegebiet, yn al syn fasetten.

Hast hûndert jier lyn waard it Suderseeprojekt útfierd. De Sudersee waard ôfsletten en foar in part drûch makke. In feroaring sûnder wjergea. De audiofisuele útstalling ‘Zuiderzee in beeld: films en verhalen’ biedt in poadium oan films ynspirearre troch it Suderseeprojekt en fertelt in ferhaal dat ynspiraasje biedt foar de fraachstikken fan no.

Deputearre Matthijs de Vries memorearre: “De oanlis fan de Ofslútdyk en de Suderseewurken hat op de âlde en nije doarpen en stêden oan ‘e Iselmarkust in tige grutte ynfloed hân. Ik fyn it moai om dêr mei de hjoeddeistige doarpsbestjoeren by stil te stean.”

De útstalling wurdt mooglik makke troch Rykswettersteat, De Nije Ofslútdyk en Levvel.

Afsluitdijk Wadden Center

Fan 13 oant en mei 19 septimber is de útstalling by in besite oan de eksposysje yn it Afsluitdijk Wadden Center yn Koarnwertersân te bewûnderjen.

Adres: Sluisweg 1c, Koarnwertersân

Iepeningstiden útstalling: woansdei 13 septimber oant en mei tiisdei 19 septimber fan 10.00 oant 17:30 oere