Yn Fryslân brûst it fan de inisjativen! Wy sykje nei dy ynwenners mei in soad inisjatyf dy’t in goed idee hawwe om de leefberens yn harren wyk, doarp of stêd te ferbetterjen. Troch it Iepen Mienskipsfûns stelt provinsje Fryslân jild beskikber om de projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy’t derfoar soargje datst noflik yn dyn wyk, doarp of stêd wenje kinst. Ideeën dy’t dyn wenfermidden brûze litte en bouwe oan de takomst fan Fryslân. Tink oan projekten op it mêd fan leefberens, kânsen foar boargers en sosjale ynnovaasje. Mar ek rjochte op kultuer, duorsume doarpen en kultuerhistoarje en lânskip. Dêrnjonken kinne startups en mikro-ûndernimmings dy bydragen oan de provinsjale doelen tsjin in oantal betingsten (gjin merkfersteuring en kennis diele) ek subsydzje oanfreegje.

Aktiviteiten wêrfoar jo subsydzje oanfreegje kinne, binne yndiele yn de folgjende kategoryen:

  1. Lytse maatskiplike inisjativen, sa as nije eveneminten (op syn meast € 10.000,- subsydzje). Mei in evenemint wurdt bedoeld in gearstald hiel fan kulturele, ynformative of histoaryske aktiviteiten dy foar it publyk tagonklik is en in tydlik karakter hat. Mei in ekonomyske aktiviteit wurdt bedoeld it op de merk bringe fan in nij produkt of proses dat de besteande merk net steurt;
  2. Middelgrutte maatskiplike inisjativen, oars as in nij evenemint (op syn meast € 35.000,- subsydzje);
  3. Grutte maatskiplike inisjativen, oars as in nij evenemint (op syn meast € 75.000,- subsydzje).

Foar help by in oanfraach kinne jo sawol by Streekwurk as Doarpswurk (www.doarpswurk.frl) terjochte. Yn de regio Súdwest kinne jo mei oanfragen oant en mei € 10.000,- by de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren terjochte.

Iepenstellings yn 2022

Wolle jo yn 2021 subsydzje oanfreegje. Jo kinne subsydzje oanfreegje yn de folgjende perioades:

  • 10 january oant en mei 3 february
  • 11 april oant en mei 12 maaie
  • 12 septimber oant en mei 6 oktober

It offisjele oanfraachformulier wurdt flak foar de iepenstelling op dizze side publisearre.

Ynspiraasje opdwaan?

Ynspiraasje nedich foar jo projekt of gewoanwei nijsgjirrich nei wat it Iepen Mienskipsfûns oplevere hat? Besjoch op de kaart nei kategory de útfierde projekten.

Projekten yn byld

Fragen?

Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en begelieding fan jo projektidee oant in subsydzje-oanfraach fine jo op de subsydzjeside fan Streekwurk. Hjir fine jo ek de betingsten en toetsingskritearia, dy 't fan tapassing binne op de subsydzjeregeling. Ek de projektadviseurs fan it Streekwurkkantoar yn jo regio helpe jo graach fierder.

Mear ynformaasje

It ‘Openstellingsbesluit IMF 2021/3’ is hjir te lêzen. It Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân oer de ‘Subsidieregeling IMF 2020 Fryslân’ is hjir te lêzen. De offisjele bekendmakking is publisearre yn it Provinsjaal Blêd.

Betingsten subsydzje-oanfragen

  1. It is wichtich dat jo idee in bydrage leveret oan ’e leefberens yn jo regio.
  2. Der moat draachflak wêze foar it projekt. It is dêrom fan belang dat projekten yn ’e mande yntsjinne en útfierd wurde.
  3. In subsydzje kin nea mear as 40% fan ’e subsidiabele kosten wêze. Lytse inisjativen en nije eveneminten komme yn ’e beneaming foar op syn meast € 10.000,- subsydzje, tuskenbeide inisjativen foar op syn meast € 35.000,- subsydzje en grutte inisjativen foar op syn meast € 75.000,- subsydzje.
  4. Om oan it idee subsydzje takenne te kinnen, moat in folsleine oanfraach oerlein wurde. By it oanfraachformulier hearre in projektplan, in kostebegrutting, in dekkingsplan en, as soks fan tapassing is, in ynskriuwing by de Keamer fan Keaphannel. As jo as oanfreegjende partij machtige binne, heakje jo in folmacht ta.
  5. De datum wêrop’t de oanfraach folslein is, jildt as datum fan ynkommen.
  6. It idee moat helber en út te fieren wêze yn in jier nei’t jo formeel berjocht krigen hawwe oer it krijen fan subsydzje foar lytse maatskiplike inisjativen, en yn 24 moannen nei formele berjochtjouwing foar tuskenbeide en grutte maatskiplike inisjativen.
  7. Jo drage sels, yn ’e mande mei oare belutsenen, by oan it útfieren fan it idee.
  8. Nei’t it projekt útfierd is, sette jo in ferslach (op syn meast 1000 tekens) en in foto op it oersjoch 'projecten in beeld'.

Fan idee oant útfiering

Idee oanmelde

  • Wolle jo subsydzje hawwe foar in projekt? Meld dan earst jo projektidee oan troch it online ideeënformulier in te vullen.
  • Nei’t jo in idee oanmeld hawwe, nimt it projektburo yn ’e regio yn in pear wurkdagen kontakt mei jo op. Mei-inoar besprekke wy oft it idee yn ’e beneaming komt foar subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns.

Offisjele subsydzje-oanfraach

  • Jo kinne jo subsydzje-oanfraach yntsjinje fan moandei 19 april oant en mei tongersdei 20 maaie 2021.
  • It offisjele oanfraachformulier wurdt krekt foar it iepenstellen op deze pagina publisearre.

Advysplatfoarm

  • Nei it sluten fan ’e subsydzje-omgong besjocht in advyskommisje yn ’e regio alle projektplannen. De advyskommisje hifket de plannen op: draachflak, kontinuïteit, mei-inoar oparbeidzjen, ‘empowerment’ en ekology. By einsluten is noch in bonuspunt te fertsjinjen mei de unisiteit fan it projekt.
  • Jo krije sa gau as ’t kin berjocht oer oft it projektplan subsydzje krijt.

Oan ’e slach!