“Een dijk van een doorbraak, Holwerd aan Zee”. Sa hjit it útstel om letterlik in ynbrek fan de dyk tewei te bringen. It projekt is in inisjatyf fan de bewenners, stipe troch de provinsje Fryslân, de gemeente Noardeast-Fryslân, Wetterskip Fryslân, de Coalitie Wadden Natuurlijk, it Ryk, De Vogelbescherming en oare partijen.

De bewenners wolle mei ‘in gat yn ‘e dyk’ in trendbrek faksearje yn twa negative ûntwikkelings, dy’t it gebiet al desennia ken; sosjaal-ekonomyske krimp en ekologyske efterútgong. It gat yn ‘e dyk sil tagong jaan ta in sâltwettermar, dat binnendyks leit, mei fûgeleilannen, in jachthaven en bûlevaar, unike rekreaasjewenten, natuerbelibbing en sâlte tylten. It trochstekken fan in dyk en it werombringen fan natuerlike swiet-sâlt oergongen is in flinke stap op wei nei in Vitale Kust en Herstel voedselweb en de skeakelfunksje fan de Waadsee foar fûgels en fisken.

Ynformaasjejûnen grûneigners

Op 1 juli en 16 septimber 2020 wie der in ynformaasjejûn foar grûneigners. De presintaasje is te finen ûnderoan de side.

Doelstelling Holwerd aan Zee

De doelstelling fan Holwert oan See is leefberens, omset en banen. Dit kin allinnich berykt wurde troch de oarspronklike relaasje tusken Fryslân en de Waadsee werom te setten. Troch sâlt en swiet wer mei inoar te ferbinen en troch in robúste natoer ferbining te meitsjen tusken de Waadsee fia de Holwerter Feart nei de Fryske Marren.

Gearwurkjende partijen tekenje foar Holwert oan See

Op 16 desimber 2019 hawwe Stifting Holwert oan See, Vogelbescherming Nederland, Provinsje Fryslân, Gemeente Noardeast-Fryslân en Wetterskip Fryslân in yntinsje oerienkomst tekene om mei-inoar it projekt ‘Holwerd aan Zee’ rjochting realisaasje te bringen. Mei it tekenjen fan dy oerienkomst komt de feitlike útfiering fan dit baanbrekkende projekt in flinke stap tichteby.

Troch it ûndertekenjen fan de yntinsje oerienkomst hawwe de partijen ôfpraat om mei-inoar de  twadde faze fan it projekt Holwerd aan Zee ta te rieden. It giet om de feitlike ynrjochting fan it gebiet, lykas de tagongsslinke troch de kwelder, de skutslûs yn ‘e seedyk, it tijmar, briedeilannen, in bûlevaar en romte foar natuer en rekreaasje. Ynklusyf in ekologyske ferbining mei it efterlân.

Ek Rykswettersteat en de ministearjes fan Lânbou, Natuer en Fiskerij en Ynfrastruktuer en Wettersteat binne wichtige meiwurkjende partijen. De ôfspraken mei dy partners rinne neist dizze yntinsje oerienkomst. Der wurdt gearwurke mei alle partners yn it effisjint ynsetten fan middels yn ‘e regio. Mar der wurdt ek sjoen oft keppelkânsen mei oare projekten mooglik binne, lykas de oankommende fersteviging fan de dyk tusken Koehoal-Lauwersmar.

Definityf ûntwerp

Der binne al in protte foarûndersiken dien. Dy wiene nedich om alle partijen foldwaande stipe te jaan om dizze  stap yn it proses te setten. It, yn de oerienkomst ôfprate, wurk sil yn 2020 liede ta in definityf ûntwerp en projekt planning. Dan wurde ek ôfspraken makke tusken de partijen oer rollen en taken en oer de útfiering en it behear fan Holwerd aan Zee. In goed ûntwerp is ek tige wichtich foar de fergunningprosedueres.

Mear ynformaasje oer Holwert oan See is te finen op: www.Holwerdaanzee.nl(eksterne keppeling)