Ynvestearje yn duorsum meitsjen is aktueler en urginter dan ea. Wy sitte midden yn de Enerzjytransysje. In grutte opjefte wêrby wy de oerstap meitsje fan fossile brânstoffen nei enerzjy út duorsume boarnen. Mei astoel it besparje fan C02. Dit freget om aksje en liedt oant feroaringen wêr wy allegearre mei te meitsjen krije. Mar ropt ek in soad fragen op. ‘Wannear gean wy fan it ierdgas ôf, en jildt dat ek foar mij?’ ‘ik wol graach sinnepanelen op it dak, mar wêr moat ik begjinne?’

Yn it webinar Hoe laadt Fryslân him op foar de takomst? sille wy dizze fragen beantwurdzje en beprate wy hokker stappen de provinsje Fryslân de kommende jierren setten giet om de Enerzjytransysje fierder te bringen.

Fan sneon 11 septimber oant en mei sneon 23 oktober leit it ûntwerp-Enerzjyprogramma Fryslân 2022-2025 op besjen. Yn dy perioade hawwe belanghawwenden de mooglikheid in sjenswize yn te tsjinjen. Mar wat betsjutte de doelstellings yn dat programma foar de Enerzjytransysje yn Fryslân? Troch de wei fan it webinar op 16 septimber geane wy dêr graach mei jo fierder op yn.

Sjenswize yntsjinje

Wat is it Enerzjyprogramma?

De enerzjyopjefte dy’t yn de kommende desennia op ús provinsje ôfkomt is grut, driuwend en der is net oan te ûntkommen. Mar hoe pakke wy dat mei-inoar oan? As provinsje wurkje wy oan in nij Enerzjyprogramma 2022-2025. Yn dat programma steane de aksjes dy’t wy as provinsje, yn gearwurking mei oare partijen, útfiere sille om de enerzjytransysje yn Fryslân fierder te helpen. It programma bestiet út fiif programmalinen, te witten: (1) Enerzjybesparje, (2) Lokale Inisjativen, (3) It opwekjen fan duorsume enerzjy, (4) Waarmtetransysje en (5) Enerzjy-ynfrastruktuer.

Mei wa yn petear?

It webinar is foar alle ynwenners fan Fryslân en giet neist it Enerzjyprogramma ek yn brede sin oer de Fryske enerzjytransysje. Under it webinar skowe ferskate tafelgasten oan om in tal tige relevante ûnderwerpen te bepraten en fragen fan sjoggers te beäntwurdzjen. Oan tafel sitte dy jûn deputearre Sietske Poepjes, wethâlder Duorsumens  & Miljeu Jan Dijkstra fan gemeente Waadhoeke, bestjoerslid by Ús Koöperaasje en foarsitter fan Enerzjyk Eastermar Jan Willem Sietsma, projektlieder Enerzjyteam Fryslân Marije Boersma, Bart Scholten fan Jong RES Noard en ûndersiker Fries Sociaal Planbureau Arjen Brander.

It webinar is op tongersdei 16 septimber fan 19.30 – 21.00 oere

Oanmelding webinar

Webinar:         Hoe laadt Fryslân him op foar de takomst?

Datum:            Tongersdei 16 septimber

Tiid:                19:30 – 21:00 oere

Lokaasje:        online te folgjen

Oanmelde