Op moandei 25 maart wurdt der nei sa'n 140.000 adressen yn hiel Fryslân in útnûgingsbrief stjoerd mei it fersyk om online diel te nimmen oan it Keapstreameûndersyk 2024. Gemeenten en provinsje sette harren yn 'e mande mei winkellju yn foar oantreklike binnenstêden, doarpssintra en in kompleet winkeloanbod. Om dat sa goed mooglik te dwaan, is periodyk ûndersyk nei keapgedrach fan grut belang. Oant en mei 21 april kinne alle Friezen de enkête online ynfolje. Fan ‘e simmer wurde de resultaten presintearre.

Foar it wolwêzen fan de ynwenners fan ‘e provinsje Fryslân is it fan essinsjeel belang dat doarpen en stêden leefber en fitaal bliuwe, sawol no as yn de takomst. De provinsje Fryslân wol graach in aktueel ynsjoch krije yn de keapstreamen tusken de ferskate winkelgebieten en kearnen. Dat fersyk kaam op inisjatyf fan Steateleden Goudzwaard (JA 21) en Keuning (BBB). It eardere ûndersyk datearret wilens út 2017.

It ûndersyk bringt yn byld wêr't ynwenners boadskippen dogge, winkelje en doelbewuste oankeapen dogge, hoareka besykje en hoe tefreden oft se binne oer de ferskate foarsjennings. Dy ynformaasje bringt it funksjonearjen en de oantreklikens fan winkelgebieten en kearnen yn byld. It helpt dêrmei gemeenten en de provinsje by it fersterkjen en ferbetterjen fan winkel- en hoarekafoarsjennings. Op basis fan de útkomsten kin oanjûn wurde hoe't it belied dêr yn de kommende jierren op ôfstimd wurde kin

Deputearre Friso Douwstra: “De ôfrûne seis jier hat der in enoarme ûntwikkeling west yn it konsumintegedrach. Tink allinnich al oan de foarse ferhastiging fan it online winkeljen troch koroana. Dat en noch in soad oare ûntjouwings liede ta de heldere konklúzje dat it fan grut belang is om it keapstreameûndersyk yn Fryslân op ‘e nij út te fieren.”

Dielnimmers socht

Yn de lêste wike fan maart set it fjildwurk útein en dat rint troch oant en mei 21 april 2024. Yn dy perioade wurde sa'n 140.000 ynwenners út Fryslân útnûge om oan it ûndersyk mei te dwaan. Sy ûntfange út namme fan de provinsje in skriftlike útnûging yn de brievebus. De húshâldings binne troch in aselekte stekproef selektearre. Dielnimme kin troch online in fragelist yn te foljen. Ynwenners dy't gjin brief krije, mar wol graach meidwaan wolle kinne de fragelist ynfolje fia www.startvragenlijst.nl/koopgedrag(eksterne keppeling). Under alle dielnimmers fan it ûndersyk wurde 20 kadokaarten fan 25 euro ferlotte

Meer informatie

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is te finen op ‘e webside www.koopstromen.nl(eksterne keppeling). Dêr stiet ûnder oare in koart filmke mei útlis oer it ûndersyk. Maile kin nei info@koopstromen.nl.