Goed €11 miljoen LEADER-subsydzje nei Noardwest-, Súdwest- en Súdeast-Fryslân
Fia it Europeeske LEADER-programma jout de provinsje Fryslân in subsydzje fan €11.209.052,- foar projekten op it plattelân yn de gebieten nei Noardwest-Fryslân, Súdwest-Fryslân en Súdeast-Fryslân. Nei in trajekt wêrby't alle gebieten harren ynskriuwe koene, binne der trije gebieten foar de perioade fan 2024-2027 as LEADER-gebieten oanwiisd. De subsydzje komt beskikber foar inisjativen dy't har ûnder oare rjochtsje op it fuortsterkjen fan de plattelânsekonomy, it lânskip en sosjale koheezje.