It Fryske subsydzje Extra tegemoetkoming voor woningeigenaren provincie Fryslân, oftewol de Fryske plus, blykt in grut sukses ûnder Fryske wente-eigeners. Der is mei-inoar 3,2 miljoen euro – budzjet út it Fryske Oanfalsplan Enerzjybesparring wei – oan Fryske oanfregers takend. Dêrmei binne, sûnt it begjin yn 2020, goed 3000 huzen duorsumer makke.

De Fryske plus is in ekstra 10% subsydzje op de Fryske oanfragen foar de Ryksregeling Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing (ISDE), of de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH). Troch it hege tal oanfragen is it subsydzjeplafond al foar de ein fan de rintiid fan de regeling berikt. 

Boppeslach

Enerzjydeputearre Sietske Poepjes is wiis mei it sukses fan de subsydzjeregeling, mar fynt it spitich dat in part fan de Fryske oanfregers dêr gjin gebrûk fan meitsje kinnen hat.
“Der binne mear as 3000 Fryske huzen mei it subsydzje duorsumer makke, in boppeslach. Mar as minsken troch it sukses jild misrinne, is dat tige spitich. Wy komme ynkoarten  mei it Frysk Oanfalsplan Isolaasje en hoopje dêrmei de Fryske ferduorsuming wer in nije stimulâns te jaan,” sa seit de deputearre.

Ferheging

De Fryske plus regeling sette yn 2020 útein en hie as doel om Fryske wente-eigeners in ekstra stimulâns te jaan om mei isolaasje oan ‘e slach te gean. Fanwegen it grutte sukses ferhege it kolleezje fan DS yn maart 2022 it subsydzjebedrach al in kear mei 250.000 euro.

Goed om te weten 

De Ryksregeling Investeringssubsidie duurzame energie en energiebesparing (ISDE), of de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH) rint wol troch. Ek steane der út it Ryk en de provinsje Fryslân wei in tal nije kampanjes foar ferduorsuming op priemmen.