Fytse is sûn en hâldt jong. It is goed as minsken dêr oant op hege(re) leeftiid mei trochgean  kinne. Wichtich is wol dat fytsers, en benammen âldere fytsers, harren bewust binne fan de risiko's en de mooglikheden om dy te ferminderjen. It tal âldere fytsers dat nei in ûngelok mei slimme ferwûnings op de spoedeaskjende help telâne komt, nimt ta. Yn in fearns fan de gefallen giet it om harsenletsel. It brûken fan in fytshelm ferminderet de kâns op harsenletsel mei in tredde. Dat is dus substansjeel. Dochs draacht mar sa’n 2% fan de fytsers in helm. It dragen fan in fytshelm is yn Nederlân net ferplichte, mar it wurdt wol sterk oanret. In fytshelm hat nammentlik wichtige foardielen.

Volwassen mensen staan bij een aantal kinderen die allemaal een fietshelm op hebben

Koartingsaksje

Om it brûken fan it fytshelm te stimulearjen, lansearre de Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV) op 14 oktober 2022 in koartingsaksje. Friezen fan 55 jier en âlder krigen 25 euro koarting op de oanskaf fan in goedkarde fytshelm. Op 7 novimber hienen 1600 Friezen fan de aksje gebrûk makke. Hjirmei wie it beskikbere budzjet fan 40.000 euro op en einige de koartingsaksje.

De aksje wie mooglik troch subsydzje fan de provinsje Fryslân. ‘Ik vind het fantastisch dat zoveel Friezen van de actie gebruik hebben gemaakt en voortaan met een fietshelm de weg op gaan’, reagearret ferkearsfeilichheidsdeputearre Avine Fokkens-Kelder. ‘En natuurlijk blijven we het gebruik van de fietshelm ook in de toekomst stimuleren. Zowel voor ouderen als voor jongeren.’

Mear ynformaasje oer de koartingsaksje: Aftrap Kortingsactie fietshelm(eksterne link)

Doortrappen Fryslân

Ek by Doortrappen Fryslân jouwe we omtinken oan de fytshelm. Bygelyks yn de folder Draach in fytshelm! lêze jo tips en ynfo oer it nut en de oanskaf fan in fytshelm. Doortrappen Fryslân hat as doel minsken sa lang mooglik mei wille en feilich fytse te litten, it leafst oant harren 100-ste. Mear lêze oer de aktiviteiten en fytsrûtes fan Doortrappen Fryslân

Mear lêze oer de aktiviteiten en fytsrûtes fan Doortrappen Fryslân(eksterne link)

Dei fan de fytshelm

Op woansdei 20 april 2022 wie de earste Lanlike Dei fan de Fytshelm. Op dizze dei waard omtinken frege foar it belang fan it dragen fan in fytshelm. Provinsje Fryslân en Medysk Sintrum Ljouwert sloegen op de aksjedei de hannen yninoar. Deputearre Avine Fokkens-Kelder dielde tegearre mei traumasjirurch Jeroen Poos bernefytshelms oan it personiel fan it MCL út. De Lanlike Dei fan de Fytshelm is in inisjatyf fan Artsen voor Veilig Fietsen yn gearwurking mei it HersenStrijdfonds en de Hersenstichting.

Mear lêze oer de Dei fan de Fytshelm 2022 bij het MCL(eksterne link)

Dokumint

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.