De Subsydzjeregeling Kwaliteitsimpuls Natuer en Lânskip (SKNL) giet foar in twadde kear iepen dit jier. Dêrmei wol de provinsje Fryslân ekstra ynsette op de realisaasje fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN). Mei de SKNL wurde lânbougrûnen binnen it NNN omfoarme nei natuer. Deputearre Steaten stelt dêr fyftjin miljoen euro foar beskikber.

Yn totaal leit der in Fryslân noch in opjefte fan likernôch 1600 bunder lânbougrûn wat noch natuer wurde moat. Mei dizze iepenstelling hopet de provinsje sa 'n 400 bunder te realisearjen.

Wiziging SKNL

De hjoeddeiske SKNL feroaret per 1 jannewaris 2022. It standert ôfwurdearring fan maksimaal 85 persint makket plak foar in ekstra taksaasje. De earste taksaasje is foar it bepalen fan de ekonomyske lânbouwearde fan de grûn en de twadde taksaasje foar de takomstige natuerwearde. Troch mei te dwaan oan de SKNL wurdt lânbougrûn ôfwurdearre nei natuer. Dêrfoar wurdt no dus noch maksimaal 85 persint fan de ekonomyske wearde fan de lânbougrûn betelle oan de eigener. De eigener hâldt it perseel yn eigendom en fiert sels it natuerbehear út.

Oanfreegje

Alle eigeners mei grûn yn it NNN komme yn oanmerking foar dizze iepenstelling en kinne fan 1 novimber oant 22 novimber 2021 in oanfraach yntsjinje foar dizze regeling. Omdat der sprake is fan in plafond, bepaalt de binnenkomst fan in folsleine oanfraach de folchoarder fan yn behanneling nimme.

Fia www.fryslan.frl/sknl is mear ynformaasje oer de regeling te finen.